Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Jona ûnder de beam

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Jona hie in plak útsocht
mei útsicht foar ferdivedaasje,
mar Ninevé bleau yn it ljocht,
gjin ramp, foar Jona argewaasje.

Gloeiend hjit waard doe syn plak,
mar nei de nacht wie dêr it wûnder:
in beam joech skaad foar syn gerak,
dat Jona koe der net mear sûnder.

Wûnderlik wie it ferrin:
in rûp friet troch de woartels hinne,
wat Jona wie mar min nei ’t sin,
want op ‘e nij stiek him de sinne.

Image

Jona kriich fan God de sin
fan dea en libben, want it wûnder
begûn yn Ninevé, fan min
nei better wie foar elk bysûnder.

* Yllustraasje ‘Jona ûnder de  wûnderbeam’

admin

Jona yn Ninevé

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Jona waard no wier in do,
sa wie it sizzen fan syn namme,
as fûgel hold hy net mear ho,
foar ’t boadskip hat hy him net skamme.

Ninevé, Gods grutste stêd,
moast Jona troch yn trije dagen,
de wurden weagen op syn trêd
en leine swier op elke mage:

Image

‘Fjirtich dagen en ’t is oer,
dan sil gjin minske langer beare,
want Ninevé hat west, gjin doer
foar jim, God sil de stêd omkeare!’

Elkenien wie doe ferslein,
de foarst siet sels yn sek en jiske,
de kear moast komme foar de ein,
’t gie ek om bern en ’t lytse bistke.

Jona hie syn taak folbrocht,
no moast de Iene dermei komme,
Dy seach yn Ninevé noch ljocht,
hat net foargoed de stêd ferdomme.

* Yllustraasje ‘Jona bringt it boadskip yn Ninevé’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum