Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Tsjin falske profeten

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Image

Ik hear jim falske útspraak,
profeten fan de keale grûn,
salang’t de tosken bite kinne,
sizze jim de frede oan,
mar is der neat te winnen,
dan ha se it by jim bedoarn.

Jim stelle oarmans wurden
as hie de stêd de frede wûn
en soene folken Sion achtsje,
komme nei de hichte ta
om dêr op heil te wachtsjen…
jim lige, want dat is net sa.

Ik, Micha, ha in útspraak
oer dochter Sion op ‘e grûn
fan Babel, swier fan bern en lijen,
ik sis oars de frede oan:
de Hear sil har befrije,
de wierheid hat in kleare toan.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Micha kundiget
Jeruzalem it oardiel oan’

admin

Folle hege miters

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Harkje, liedslju fan it folk,
ministers, hege miters,
ûnrjocht brûke jim as dolk
en stekke ta om fleis te fretten.

Witte moatte jim wat rjocht
is, mar jim snoade wetten
hawwe ’t folk yn lijen brocht,
de kweade opset sil jim spite.

Jim ferdraaie wat is goed
en helje oer de nekke
’t fel, sa komt it folk yn noed,
it kin om jim part hjoed ferrekke.

Strûpe kinne jimme wol,
it fleis is goed te iten,
liven reitsje barstend fol,
want sa ha jimme ’t rjocht ferfretten.

Hear ik dêr in fromme rop
fan folle hege miters?
’t Antwurd is: it near derop,
jim takomst sil de Iene brekke.

* Yllustraasje ‘Micha, lytse profeet, grutte krêft’
Bible Space Vlaanderen

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum