Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Foar Juda en tsjin de folken

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan James Tissot*

Image

Foar’t de dei komt fan de Hear
mei grime, fol benearing,
folk fan Juda, kom no gear,
it is de tiid fan jim bekearing.

Wee it folk tichtby de see,
jim minne Filistinen,
Juda hoedet op dat stee
de skiep, jim sille ’t net mear fine.

Folken fan it steile wurd
tsjin Juda moatte swije,
Moab, Ammon reitsje fuort,
myn folk sil jimme kriten krije.

Etiopiërs, wat nut
hat jim bestean op ierde?
Jimme komme om troch ’t swurd,
myn folk ha Ik it heil te bieden.

Wee it folk yn ’t fiere noard,
Assyriërs, jim reitsje
plat, de stêd wurdt ta in oard
dêr’t swarte fûgels har fermeitsje.

* James Tissot (1836-1902)
Yllustraasje ‘Profeet Sefanja’

admin

Sefanja oer de oardielsdei

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Profeet fan keninklik komôf,
Sefanja, goed bekend mei ’t dwaan
en litten fan de hegerein,
dy’t wis wol wist in slach te slaan,
se hiene al ferskate slein.

De kening wie noch mar in bern,
Josjia koe net folle dwaan
en liet de hegerein ’t regear,
mar soe Sefanja dan net jaan
it oardielsboadskip fan de Hear?

De Hear syn dei is al nei-oan,
benearjend wurdt dy en benaud,
ferneatigjend foar  ’t minskebern,
syn sulver rêdt net, sels gjin goud,
de hiele ierde giet ferlern.

* Ikoan ‘Profeet Sefanja’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum