Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Ruterfisioen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan James Tissot*

Image

De Iene liet Sacharja sjen
wat Hy fan doel wie yn it tiidsferrin,
in ingel spriek dêrby it wurd,
sa kriich it byld in djippe sin.

As earste kaam it fisioen
fan mannich hynder, read en brún en wyt,
de ruters krigen doe it wurd,
de wrâld koe tsjûgje fan har flyt.

Se rieden hiel de ierde oer
mei iepen each en ear, der hearske rêst,
faaks wie it no de tiid fan ’t Wurd
dat klinke soe: de ein fan ’t lêst.

De Iene spriek de ingel oan,
’t wurd dêr’t Sacharja noch gjin ear foar hie,
de toan wie myld, in freonlik wurd,
de ingel joech de godsman rie:

Lit hearre oan Jeruzalem:
de Iene brânt fan leafde foar de stêd,
syn hûs wurdt boud, byld fan it Wurd,
de oerfloed makket Sion sêd.

* James Tissot (1836-1902)
Yllustraasje ‘Sacharja en de ingel’

admin

Sacharja sprekt

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Jan van Eyck*

Image

De Heare tinkt deroan:
Sacharja is myn namme,
ik bin in prystersoan,
lid fan in âlde stamme.

De Heare rôp my oan,
ik moat syn wurden sprekke,
dy’t wikselje fan toan:
besielje, mar ek brekke.

Wês net as jimme heit,
hy woe gjin wurden hearre
fan skuldich is it pleit,
it hat oan rjocht mankearre.

De Heare tinkt deroan
om by syn folk te kommen,
de Heit giet nei syn soan,
Hy hat it heil meinommen.

* Jan van Eyck (sirka 1390-1441)
Keunstwurk ‘Profeet Sacharja’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum