Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Lampen en olivebeammen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

De Iene liet Sacharja sjen
wat Hy fan doel wie yn it tiidsferrin,
in ingel spriek dêrby it wurd,
sa kriich it byld in djippe sin.

Image

Ik seach in stander, glânzjend goud,
dêr boppe-op sân lampen, klear foar ’t ljocht,
olivebeammen, geef fan hout,
en oalje dy’t der wêze mocht.

De ingel spriek dêrby it wurd:
‘Sân eagen fan de Iene gean de wrâld
oer, beide beammen hawwe nut:
de foarst en pryster oan ’t bewâld.’

Myn earen heinden dit noch op:
‘Foar Serûbbabel** is dit wurd foarearst:
geweld en macht gean net foarop,
de wrâld feroaret troch de Geast.’

* Yllustraasje ‘Stander tusken olivebeammen’
** Lânfâld

admin

Hegepryster Joshûa

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

De Iene liet Sacharja sjen
wat Hy fan doel wie yn it tiidsferrin,
in ingel spriek dêrby it wurd,
sa kriich it byld in djippe sin.

Image

Myn eagen seagen Joshûa,
de hegepryster fan Jeruzalem,
mei satan en myn ingelmaat,
dy’t prate mei in swiere stim:

‘Do fijân fan Jeruzalem,
de hegepryster wie in brânend hout
dat skuord waard út it lôgjend fjoer,
mar do stookst troch, hast nea noch boud.’

De ingel seach de smoarge klean
fan Joshûa en naam de skuld fan him;
ik woe hy moast in tulbân ha
as heechste fan Jeruzalem.

De ingel spriek it godswurd noch:
‘Asto de wegen fan de Iene giest
en hâldst oer ’t foarhôf trou de wacht,
bisto it dy’t de trochgong wiist.’

Yllustraasje ‘Joshûa, de ingel en satan’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum