Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Maleächy

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Syn namme seit: hy wie Gods boade
yn in tiid fan twivelriedichheid,
hoewol’t de timpel wie in feit,
kaam sleurgong yn de moade.

It rûn net út op frjemde goaden,
mar it hillich fjoer gie stadich út,
dat Maleächy naam ’t beslút:
de fraach-en-antwurd koade.

De earste fraach wie: docht it bliken
dat de Hear fan Israel wol hâldt?
Gods leafde lit syn folk net kâld,
sil foar gjinien beswike.

De twadde fraach wie: respektearje
prysters by it offerjen de Hear?
Se meitsje rap in siik bist klear,
Hy kin dat net wurdearje.

Sa kaam de godsman mei syn fragen,
dêr’t in antwurd op kaam, kant en klear,
foar Israel in goede lear,
in rie yn twiveldagen.

* Byld ‘Profeet Maleächy’

admin

Omslach foar Jeruzalem

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Nei de Fredesfoarst wie ’t noch net dien,
hoewol’t de frede kaam fan Him,
liet ek de Iene ’t boadskip hearre
fan de omslach foar Jeruzalem.

Fan de hope binne fjilden grien
en foar in flotte fuotstap sljocht,
Jeruzalem lykwols stekt heger,
stêd fan wenjen yn it folle ljocht.

Moarns- en jûnstiid wikselje net mear,
de dei rint troch, foarby de nacht;
Jeruzalem skinkt libben wetter,
kriget sa de seeën yn de macht.

Harkje nei de Iene as de Hear,
Jeruzalem, stêd sûnder lêst,
Hy is de Kening fan de ierde,
skinkt sjaloom, dyn frede is foarfêst.

* Yllustraasje ‘Nij Jeruzalem’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum