Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Job

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Wa wit net fan ’t geduld fan Job
wylst alle lea him pleagen,
mar syn geast hold goede moed,
hoewol’t syn freonen sprieken op
doe’t sy syn lijen seagen.

Earst libbe Job as rike foarst
mei fee, net mear te tellen,
sa’n bestean foldie him goed;
it wolkom klonk foar elke gast,
dy’t fan syn geast ferhelle.

Sân soannen hie er op ‘e noed
en fierder soargen trije
dochters foar it tal fan tsien;
mei bern en fee wie ’t libben goed…
koe ien it better krije?

De soannen fierden faakris feest,
mar koe dat sprekken lije?
Job brocht offers, foar elk ien,
want wie it feest wol yn de geast
om al it kwea te mijen?

Image

Yllustraasje ‘Job, syn frou en bern’

admin

Dei fan de Hear

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Wol útsjen nei de boade
dy’t gau komt om ree te meitsjen ’t paad
foar Him dy’t nei syn timpel giet
om rjocht te dwaan, elk nei syn aard.

Dy dei is as in lôgjend fjoer,
in oven foar de tsjoenders,
brekkers fan de goede trou,
de swarders dy’t dochs lige,
bazen foar de wurkers soer,
foar wa’t gjin rjocht docht oan de frou
allinne, oan de wees en frjemdling…
folk fan gjin ûntsach, in hiele rige.
Mar sjoch, in dei fan lange doer
brekt oan foar alle minsken
mei ûntsach foar God de Hear,
oer harren skynt de sinne,
better wurde siken, oer
is  ’t lijen, ’t libben nimt in kear,
sy sille har as keallen tjirgje…
folk fol fan ûntsach, sy sille winne.

Wol útsjen nei de boade
fan de Hear, dy’t makket ree it hert
fan âlden foar de bern en ek
oarsom, it is noch net te let.

* Yllustraasje ‘Profeet Maleächy’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum