Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Joadske omkear

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Marc Chagall*

Op ‘e dei dat Joaden stjerre moasten
fan de fijân neffens fêste wet,
kaam rêding foar har net te let,
gjin pommerant dy’t moardzje doarste.

Yn Joad Mordekai hie elk fidúsje,
want hy joech de kening wize rie:
it kwea dat yn syn ryk bestie,
waard mei de omslach in yllúzje.

Ester mocht wer by de kening komme,
dy’t har frege nei wat barre moast,
hy soe it tastean, op it koartst
wie grif de Joadehaat ferstomme.

Wat hie Haman thús de bern ferhelle?
Op syn soannen geat er oer de haat,
brocht harren op ’t ferkearde paad…
de winsk fan Ester wie tsien peallen.

Op ‘e dei dat Joaden stjerre moasten,
hawwe sy yn ’t ryk der sels mei ret,
de situaasje omkeard set,
dêrnei is ’t freugdefeest losbarsten.

Image

* Marc Chagall (1887-1985)
Glês-yn-lead ‘Keunstwurk yn
it Hadassa (Ester)-sikehûs te Jeruzalem’

admin

Joadske opgong

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Bernardo Cavallino*

Nei de dea fan Joadehater Haman
krige Mordekai syn segelring
en Ester ’t hûs, dat ûnderling
ha Joaden sein dat sy ’t net namen.

Ester woe dy takomst ek net nimme,
faai foarútsicht fan de massamoard,
sa’t Haman woe dat elke Joad
gjin stim mear hie om op te klimmen.

Image

Sels moast Ester klimme mei har noeden
nei de kening foar de twadde kear,
sy pleite net foar eigen ear,
mar dat de foarst de moard ferhoede.

Ahasfearos koe de wet net keare,
der mocht wol in twadde brief útgean,
de Joad soe foar syn libben stean
mei wapens, sels tsjin hege hearen.

Joaden mochten ’t nije nijs wol lije,
seagen Mordekai yn keningsklean,
mei Hamans ring troch Sûsan gean,
de hiele stêd hat doe jûchheie.

* Bernardo Cavallino (1616-1656)
Skilderij ‘Ester foar Ahasfearos’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum