Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Achior nei Betylûa

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Paolo Veronese*

Hoe lang moast Achior marsjearje
foar’t er op ‘e hichte wie
fan Israels Betylûa**?
De generaal woe him dêr ha
troch praat dat neat om hakken hie,
hy koe dat net wurdearje.

Betylûa seach harren kommen,
Achior marsjearre mei…
wie dat foar Israel in strop?
Se smieten stiennen fan de top,
de fijân socht in oare wei,
dy iene koe ûntkomme.

Image

Se namen him yn har fermidden,
fregen hoe’t it kommen wie
en krigen antwurd: sa en sa
en fijâns grutskens derop ta;
Betylûa wist him gjin rie,
hat hiel de nacht troch bidden.

* Paolo Veronese (1528-1588)
Skilderij ‘De flecht fan Achior
út it kamp fan Holofernes’

** Stêd yn it berchlân

admin

Holofernes en Achior

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Azors masters*

Holofernes spuide grime:
wat miende wol dat folkje Israel,
seach ’t út ‘e hichte op him del?
Hy koe it mei syn macht net rime.

Image

Achior spriek wize wurden:
’t ferline gie hy stap nei stap by del,
by God wie Israel yn tel,
it kaam net oan op ’t slaan mei swurden.

Holofernes’ offisieren
ferspuiden Achior syn wize rie
en woene daliks ta de die:
de deaslach en dan oarloch fiere.

Achior moast earst noch switte,
woe Holofernes, by de lichte del,
as freon fan fijân Israel
soe hy fan gjin genede witte.

* Bibelske keunst fan Azor masters
Yllustraasje ‘Achior foar Holofernes’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum