Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Tobit

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Lit my myn eigen lot fertelle
no’t ik balling bin yn Ninevé,
in stêd fan keninklike graasje,
oars as Tisbe, dat fertroude stee…
wy dronken út deselde welle.

Mei Anna gean ik troch it libben
en mei Tobias, ús iennichst soan,
in libben yn in frjemde naasje,
dêr’t de oarders komme fan de troan…
ik ha altyd it rjocht neistribbe.

It ûnrjocht makke faakris liken
fan de Joaden, net om oan te sjen,
dy’t ik begroef yn ’t neare tsjuster;
myn besit gie troch dat wurk ferlern,
mar wêrom soe ‘k foar ûnrjocht wike?

De omkear kaam nei fyftich dagen
mei de moard op kening Sanherib,
syn libben wie foargoed fan juster,
mar foar hjoed kriich ik in fêste grip
en koe it joadske lot wer drage.

* Ikoan ‘Tobit’

admin

Judit wurdt eare

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Image

De pommeranten fan Jeruzalem
fernamen ’t wûnder fan Betylûa,
sy reizgen rap nei Judit ta
en earen God en har mei lûde stim.

De froulju kamen út hiel Israel
mei op ‘e holle in olivekrâns,
sy dûnsen by de doarpen lâns
mei Judit, want sy wie by elk yn tel.

Hear Judit, hoe’t sy dûnsjend song in liet
foar God mei bekkens en de rinkelbom:
de swakke brocht de sterke om,
de Hear Almachtich holp by dizze died.

De froulju dûnsen nei Jeruzalem,
dêr’t Judit joech de oarlochsskatten oer,
in offerfeest fan lange doer,
by einbeslút hie nimmen noch in stim.

Sjoch Judit, hoe’t sy yn Betylûa
it libben libbe sa’t sy earder die,
allinne, altyd út ‘e rie,
de fijân kaam net wer nei ’t berchlân ta.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Judit’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum