Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Suzannes paradys

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Hugues Merle*

Wa koe Suzanne net,
de frou fan rike Joäkim!
Sy libbe neffens Mozes’ wet,
mei op it antlit faak in glim.

Yn hûs kaam mannich gast,
twa rjochters wiene der ek by,
mar rjocht sa’t dat yn ’t libben past,
naam elk fan har wat al te frij.

Se gluorken nei de frou
fan ’t hûs, elk op syn eigen tiid,
de eagen namen ’t net sa nau,
de driften giene oan de striid.

Image

De grutte tún by ’t hûs
wie foar Suzanne ’t paradys,
in fleurich libben by de rûs,
mei rjocht en reden wie sy wiis.

De rjochters, hiel apart,
mar ’t moast sa wêze, tagelyk,
bejoegen harren ek op paad,
it paradysferhaal rûn bryk.

* Hugues Merle (1823-1881)
Skilderij ‘Suzanne yn bad’

admin

Tobits lêste sinnen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Lit my op ’t lêst noch dit fertelle
oan de pakesizzers en myn soan,
omdat de jierren no swier weagje;
’t wurdt myn tiid, de ein komt der al oan,
ien hân kin no myn dagen telle.

Jeruzalem wurdt fan de ierde
fage, ‘k sjoch de timpel ek net mear,
it hûs fan God is net te rêden,
mar myn eagen sjogge ek de kear:
der wurdt wer boud yn better tiden.

Op Ninevé silsto net bouwe,
want de stêd giet plat, sa’t Jona sei,
dus moatte jimme gau ferhúzje;
gean nei ’t fiere Medië op wei,
op Sara’s âlden kinst fertrouwe.

Dat wiene Tobits lêste sinnen,
’t graven gie doe oer fan heit op soan,
syn âlden hat er dêr begroeven;
nei it tsjuster ljochte op de moarn,
it waard in dei om fier te rinnen.

* Ikoan ‘Tobit’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum