Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Antiochus Epifanes

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

De iere dea fan Alexander
ferdielde hiel syn ryk;
foarst Antiochus Epifanes
kriich de macht, in boal allyk.

Syn legermacht teach nei Egypte,
hy stjoerde ek de float;
striidweinen mei tal oaljefanten
daveren nei ’t fiere oard.

De farao koe it net hâlde,
waard bang en naaide út;
boal Antiochus Epifanes
teach it lân út mei de bút.

Syn legermacht rûn oer de grinzen
fan Israel, kaam foar
Jeruzalem, bestiel de timpel
fan syn ark, ’t wie mear as bar.

Boal Antiochus Epifanes
spriek op oer bút en dea;
oer Israel kaam swier de rouwe,
’t kleien klonk oer hiel it gea.

* Byld ‘Antiochus Epifanes’

admin

Fan de timpelskat ôfbliuwe

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

De frede hearske yn Jeruzalem,
want yn de timpel waard God tsjinne,
hegepryster Onias joech Him
in stim: elk koe de Skepper kenne.

Seleukus, kening, hie fan skatten heard,
jild troch de timpeltsjinst fertsjinne,
syn minister kaam doe nei de stêd
om foar de foarst de skat te winnen.

Doe rekke ’t hiele stedsfolk yn panyk,
omdat de earmen ’t jild dan misten,
Onias wie witer as in lyk…
wat die de foarst mei sa’n minister?

Syn liifwacht rûn mei him de timpel yn,
mar foar’t sy by de skatten wiene,
kaam in ruter del, rap as de wyn,
hy sloech derop, wat noch twa diene.

Image

Ministers liifwacht pleite doe foar him:
in offer soe syn libben rêde;
Onias joech wer oan God in stim,
dat elkenien syn goedens hearde.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Heliodoarus ferdreaun’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum