Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Judas de Makkabeeër

Bibelbylden

fan Armand Boni*

judas-makkabeeer-2

De rop rûn troch it hiele lân
dat Judas fierde ’t leger oan,
it gie fan heit op tredde soan,
hy hie it swurd fêst yn de hân.

It swurd fan Apoloanius,
dy’t hy fersloech yn fûle striid,
syn rom rûn troch, waard wiid en siid
bekend, it slagge Judas dus.

Hy sloech mei ’t swurd it leger del
fan Searon, Gorgias en ek
stie Lysias op ’t fjild foar gek,
in liet hat doe syn lof ferteld:

Judas eage yn syn harnas grut,
lykas in reus liet hy him sjen
mei yn de hân in spear en swurd,
sa teach er moedich nei ’t gefjocht,
hy âle, sprong, in jonge liuw gelyk,
syn proai hie ’t libben rap ferlern,
syn fijân, deabenaud, oerstjoer,
socht krûpend om in goed ûntwyk,
de goddeleazen misten elke kâns,
want hy kaam op foar wet en rjocht,
it ûnrjocht fan de kening wie him oer,
as held wie Judas hiel wat mâns.

* Armand Boni
Boek ‘Judas de Makkabeeër’

admin

De dea fan Mattatias

Bibelbylden

fan Johan Sadeler nei Crispijn van den Broeck*

mattatias-2

Mattatias woe it wol witte,
it jongste wie al lang derôf,
hy koe it oan de lea ek fiele,
de ein fan ’t libben kaam al gau,
hy woe ’t ferline mei syn soannen diele:

Myn jonges, set jim yn foar it ferbûn
en ha it libben derfoar oer,
ús foarfaars ha it foarbyld jûn,
dus folgje dat en krij de eare;
fan Abraham oant Daniël
kin elk fan jim it rjochte leare.
Wês net bang foar ’t steile wurd
fan lju dy’t op harsels fertrouwe,
want har eare sakket del
en rekket troch de wjirmen fuort.
Wol harkje nei broer Simeön,
syn wiisheid kinne jim op bouwe,
folgje Judas, sterke broer, in held,
hy fiert it leger oan mei ’t skerpe swurd.
Wit dat yn Israel mar ien ding telt:
Gods ferbûn jout oan it libben stjoer.

Mattatias liet dit har witte
om mei te nimmen troch de tiid,
joech oan syn soannen doe de seine
en stoar, de ein ek fan syn striid,
lykwols in nij begjin, sa soe it eine.

* Johan Sadeler nei Crispijn van den Broeck (1523/1524-1591)
Yllustraasje ‘Mattatias’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum