Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Op sabbat stride

Bibelbylden

fan Gustave Doré*

Sa’n tûzen minsken flechten de woestyn yn,
folk dat hold him oan de wet,
net fjochtsje woe op sabbat,
sa holden sy it libben net,
har rop waard wei mei de woestynwyn.

Mattatias kriich dat berjocht te hearren,
gie mei ’t folk yn swiere rou,
stie doe foar in dilemma:
op sabbat komme yn it nau
of stride om net swak te stjerren.

Op sabbat woe Mattatias ek stride,
oars wie brutsen it ferset
en soe de ôfgod winne,
hy hat mei ’t heidensk alter ret
en woe de bern wer takomst biede.

mattatias-4

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Mattatias ropt
de flechte Joaden op ta de striid’ 

admin

Mattatias yn opstân

Bibelbylden

fan Gustave Doré*

Dêr hiest de amtners fan de kening
foar ’t heidensk offer ûnder twang,
de measte minsken rûnen oer,
ferlies fan ’t libben makke bang,
Mattatias wie lykwols poer.

De amtners lieten flaaikjend witte,
Mattatias wie fan belang
en stie foar ’t hiele folk model,
hy krige fan de foarst de rang
fan freon, hysels en ’t hiele stel.

Mattatias joech ’t kleare antwurd
dat, mocht sa dwaan it hiele folk,
hysels hold fêst oan Gods ferbûn;
sa wie er fan de trou de tolk
en is oer rjochte wegen rûn.

In man út Juda kaam nei foaren
foar ’t heidensk offer, no of nea,
de spanning ûnder ’t folk rûn op;
doe sloech Mattatias him dea,
de klap klonk as de opstân-rop.

mattatias-3

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Mattatias deadet de man
fan it heidenske offer’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum