Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Himelske ruter

Bibelbylden

fan Gustave Doré*

Lysias, besibbe oan de kening,
kânselier en generaal,
wie fol fan grime op ’e Joaden,
spriek foar de striid yn kleare taal:
‘Jim stêd wurdt wenplak foar de Griken,
harkje sille jim nei har ferhaal
oer withoefolle goaden.’

Judas, Makkabeeër, moedich strider,
hearde oer dit misberjocht
en fan ’t ferskuorrend grutte leger,
dat by de Joaden ’t kamp opsocht;
it wie foar Judas, sa die bliken,
needsaak dat er oan in helper tocht,
hy socht it dêrom heger.

Helper waard in ingel op in hynder,
yn it wyt, fan goud de spear,
hy focht mei Judas, as Gods boade,
dat Lysias hie ’t doe net mear,
ek net oer ’t wenplak foar de Griken,
flechtsjend liet er op it fjild de ear,
de oarde foar de Joaden.

makkabeeer-7

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘In ingel helpt de Makkabeeërs’

 

admin

Man tsjin oaljefant

Bibelbylden

fan Gustave Doré*

Antiochus Epifanes stoarn,
dat Judas koe doe fierder fjochtsje,
foel de stins yn Sion oan;
soan Antiochus kriich de tiding…
soe de nije foarst oer Judas rjochtsje?

Hûnderttweintichtûzen teagen nei
Judéa ta en twaentritich
oaljefanten stampten mei;
foarst Antiochus hie de lieding,
seach dat bist en kriger eagen flitich.

Judas foel it machtich leger oan,
syn eigen focht as wiene ’t liuwen;
Antiochus op ’e troan
sa’t like, seach syn leger stridend
Judas’ krigers by de berch del driuwen.

Mar sjoch Eléazar Avaran,
hoe’t hy symboalysk wjukken krige,
fierde út syn deadlik plan:
derûnder om it bist te stekken,
sa hat hy de kening noch bedrige.

makkabeeer-6

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Eléazar offeret him op’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum