Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Tuskentiid

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Jehannes, soan fan Simon
Makkabeeër, man fan bea en striid,
de hegepryster en de generaal…
wa is bekend mei syn ferhaal?
Hy libbe yn in tuskentiid.

De timpel wie syn wurkplak,
op ’e muorrebou seach hy ek ta,
gjin fijân krong troch yn Jeruzalem…
mar wa wit fierder wat fan him?
Hy libbe op syn eintiid ta.

Pompéjus wie yn opkomst
mei ’t Romeinske leger, generaal
dy’t briek de muorren fan Jeruzalem…
de hegepryster hie gjin stim,
mar Betlehem spriek nije taal.

* Byld ‘Pompéjus’

admin

Alle Makkabeeërs wei

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Fiif soannen hie Mattatias:
Jehannes, ek wol Gaddy neamd,
Simon mei de namme Tassis,
Judas Makkabeeër,
Eléazar neamden se ek Avaran
en Jonatan dy’t ek wol Affus hiet.

Fiif soannen kamen yn ferset
tsjin ’t goare heidendom,
sy holden har oan Mozes’ wet,
behellen foar de Joaden rom.

De fijân brocht de soannen om,
earst fjouwer yn de striid,
wat rjocht wie, bûgde dêrmei krom,
allinnich Simon kriich noch tiid.

Hy boude earst in monumint
foar heit en mem en broers,
sa bleauwen deaden noch bekend,
foar Simon wie it rjocht de koers.

Ferried sloech ta, hy rekke dea
as lêste fan it skaai,
de tiding rûn troch hiel it gea:
de Makkabeeërs binne wei.

* Ofbylding ‘Simon de Makkabeeër’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum