Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op wei nei de takomst

Bibelbylden

fan Hans Jordaens III*
Jesaja

Dit hat de Hear te sizzen,
Loskeaper fan folk Israel:
‘It folk fan Babel beart oer skippen,
better fiskersboaten fynt men net,
Ik lit se driuwe nei de see,
dêr binne se net mear yn tel.’

De Hear hat dit te sizzen,
de Rêder fan it slavefolk:
‘In paad ha ’k makke tusken weagen,
foar ’t Egyptysk leger wie it net,
de hynders rekken yn de see,
ferdronken yn de wetterkolk.’

Dit hat de Hear te sizzen,
de Helper fan folk Israel:
‘Hâld no net fêst oan it ferline,
bliuw net stilstean by de dei fan hjoed,
fernimme jim dan net wat komt,
in ein komt oan in âld bestel.’

De Hear hat dit te sizzen,
de Gids fan Israel, syn folk:
‘Foar jimme meitsje ik de paden
troch de wyldernis, troch de woestyn
in wei mei wetter foar de toarst,
foar jimme is it dier in tolk’:

‘De ear is foar de Heare!’

* Hans Jordaens (1590-1643)
Skilderij ‘De farao ferdrinkt yn de Reade See’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum