Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Neat mei neat

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Wat hâldt de minske fan syn skreppen oer,
fan al syn skuorren yn de sinne?
Dy komt op, giet ûnder, himet nei
itselde plak dêr’t hy earst opkaam,
it grutte ljocht hat rêst noch doer.

De wyn draait likegoed, fan noard nei súd
en yn it rûn, wêr giet er hinne
as er altyd trochdraait, nacht en dei?
Sa streame nei de see de beken…
wa is it dy’t de stream ôfslút?

It each rêst net en likemin it ear,
wurch wurdt de minske fan de dingen
dy’t er allegear net neame kin;
gjin ding is nij, ’t wie yn ’t ferline
der ek al… neat as earste kear.

De Preker fynt it allegear mar neat,
want neat mei neat, wat is dêrfan de sin?

* Yllustraasje ‘Streamen nei de see’

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum