Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gûlplak Bokim

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

It doel wie helle: eigen lân,
dat troch de Iene tasein wie,
it libben bylke lykas nij,
de stammen wiene út ‘e rie,
der klonk in lûd jûchhei.

Image

Ynienen klom in ingel op
fan Gilgal út nei Bokim ta,
gjin freugde wie him oan te sjen,
hy moast in flymjend boadskip ha,
it libben hie syn glâns ferlern.

‘De Iene sleat mei jim ’t ferbûn
en swarde: Ik ferbrek it net,
mar jim ferbûnen jim mei har
dy’t knibbelen foar ôfgods wet,
har goaden wurde jim te bar.’

It eigen wenplak like frjemd
foar ’t folk, it wist him amper rie
en gûlde Bokim triennen ta;
doe’t elk wer wat kalmearre wie,
wie ’t doel: God soe in offer ha.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘It ferskinen fan de ingel’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum