Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Slach by Livorno

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Reinier Nooms*

Wa hearske oer de see en oseaan,
de Republyk of Ingelân?
Dy beide sochten nei in strategy
om mei de float de fijân te ferslaan:
sjit alle skippen yn de brân!

It woe de Ingelsen alhiel net oan
dat winterdeis de Rebublyk
strategysk foer oer see en oseaan,
in float fan sechtjin skippen, grut fertoan,
joech fijâns seistal gjin ûntwyk.

Image

De ‘Bonaventure’ skeat de wolken yn,
de ‘Sampson’ stie al rap yn fjoer
en flam, foar Ingelân gjin strategy,
syn macht ferwaaide op ‘e reek en wyn,
de ‘Mary’ bleau allinnich oer.

De slach wie diskear foar de Republyk,
mei ear, mar sûnder grut fertoan,
want kommandeur Van Galen waard ta lyk.

* Reinier Nooms (sirka 1623-1664)
Skilderij ‘De seeslach by Livorno’ (16 maart 1653) 

admin

Reginten

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Bartelt van der Helst*
fan Peter J. Sterkenburg**

De twadde Willem wie jong stoarn,
de tredde liet him noch net sjen,
dat sa’t it like gjin Oranje mear,
mar wie de Republyk ferlern?
Gjin sprake fan, in nije toan!

Image

Wa’t keapman wie, koe ’t ek wol dwaan,
hy wie mei wurd en jild fertroud,
dat de reginten kamen oan ’t regear,
foar ’t lân en foar harsels it goud
en foar elkoar in bêste baan.

De Reublyk, stedhâlderleas,
hie wrâldwiid hannel en ek macht,
in naasje stribjend nei de heechste ear,
mei skippen foar de swierste fracht,
dy’t kapitaal foar alles keas.

Image

* Bartelt van der Helst (1613-1670)
Skilderij ‘De foaroanmannen fan de spanbôgeskutters’

** Peter J. Sterkenburg (1955-2000)
Skilderij ‘VOC-skippen foar de ree fan Malakka’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum