Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Achtste wrâldwûnder

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Gerrit Berckheyde*
Image

Wat docht in stêd mei smiten jild,
sâltswiet fertsjinne yn de heale wrâld?
Reginten sochten ’t yn in sprekkend byld:
heechbrede bou yn mannichfâld.

’t Gebou moast stean de ieuwen troch
mei fjirtjintûzen peallen yn de grûn,
sa stiet it wûnder hjoed de dei der noch,
foargoed oan daam en Amstel bûn.

It achtste wûnder fan de wrâld,
it Europeeske sieraad sûnder mear,
bestân tsjin waar en wyn en ek tsjin sâlt
fan see, dy’t drige mannich kear.

It middelpunt fan it hielal,
sa’t Vondel ha woe yn ’t jûchhei-gedicht
fan fjirtjinhûndert rigels, boppe-al
moast komme ’t wûnder yn it sicht.

Image

* Gerrit Berckheyde (1638-1698)
Skilderij ‘It stedhûs op de Dam yn Amsterdam’
Skilderij ‘De Dam mei Stedhûs, Nije Tsjerke en Waach’

admin

Striid om weachmacht*

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
fan Jan Abrahamsz. Beerstraten**

Image

De steat dy’t see en oseaan befoer
foar hannel om it grutte jild,
lei oare lannen op syn wil
en hie dêr striid en bloed foar oer.

Foar Ingelân wie it in stek yn ’t each
hoe’t yn syn spoar de Republyk
de wrâld befoer en waard skatryk…
wa hie de macht oer elke weach?

Ut beide lannen foer in sterke float
mei Tromp en Monk as admiraal,
se praten mei kanonnetaal,
Ter Heijde waard in oarlochsoard.

Skip ‘Brederode’ kriich de folle laach,
dat Tromp ferdronk yn ’t eigen bloed
en Monk berôp him op syn moed,
wa’t weachmacht kriich, wie noch de fraach.

Image

* Earste Ingelske oarloch (1652-1654)

** Jan Abrahamsz. Beerstraten (1622-1666)
Skilderij ‘Slach by Ter Heijde’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum