Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Belgysk wyt

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1987

Image

Twa dagen noch en dan wie ’t dien,
de spanning rûn elk oere op
rûnom it marpart fan Terherne,
dat kleure fleurich blau en grien:
it swurk, de startboat en de finne.

Image

Wâldsein as twadde yn ’t gehiel
foer mei de hals op nei de start,
want wêrom no al folle seilen?
De kop waard aansen grif syn diel,
want Teake* koe syn kânsen peile.

Ynienen kaam yn Belgysk wyt**
it Drachtster skûtsje op plak ien,
al fûn men fok en seil ek dweilen,
mar wat koe ’t skele, dochs gjin byt,
want Hattum*** koe syn kânsen peile.

Image

En yn de fierte foer Wâldsein
yn ’t Fryske brún as bearenburch,
gjin slok yn ’t foar op syn posysje:
plak trettjin yn de tichte rein
en fuort de kampioensambysje.

Image

* Teake van der Meulen
** Nij wyt túch út België
*** Hattum Hoekstra

admin

Revâns

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1987

Wat docht men nei ’t protest
as dat foar ’t eigen folk
fataal ferrint?
Dy nederlaach hat west,
der komt wol wer in kâns
dat men de konkurrint
útdaget foar revâns.

Image

’t Is kostlik waar en waarm
op kosten fan de wolk
en ek de wyn,
mar Jelle* fielt de stoarm
fan op De Lemmer wraak
en slacht der gatten yn,
want dat is hjoed syn taak.

Wat docht sy nei ’t protest
fan ik wol net mear sjen
nei hoe’t it rint?
Sy stelt harsels de test
fan laitsjend yn balâns
en sûnder konkurrint
nimt sy op ’t skerpst revâns.

Image

* Jelle Reyenga

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum