Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Timpelske synagoge

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Gerrit Berckheyde*
fan Emanuel de Witte**

Image

Dêr riist er op, markant yn oansjen,
de Portugeeske synagoge
as de timpel fan Jeruzalem,
sa krige Salomo wer stim,
de heilskiednis soe doge.

De Joaden stiene net yn oansjen
yn Portugal en wiene flechte
foar har libben, dat de âlde stam
wer bloeie soe yn Amsterdam,
dêr’t sy har sterk oan hechten.

It bouwurk joech de stam mear oansjen,
lykas de wolfeart troch de hannel,
wat te sjen wie oan it uterlik
en lêst joech oan it inerlik:
de trêd fan wrâldske wannel.

Image

* Gerrit Berckheyde (1638-1698)
Skilderij ‘Sicht op de Portugeeske synagoge te Amsterdam’

** Emanuel de Witte (1617-1692)
Skilderij ‘De Portugeeske synagoge yn Amsterdam’

admin

Mustafa’s swarte sjaal

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jan Matejko*

Grutfizier yn ’t Ottomaanske ryk,
dat wie Mustafa, in grut strateech,
dat oan de sultan hast gelyk,
hy hold de Turkske eare heech.

Earst nei Wenen wie de strategy,
dêrnei fierder op Europa oan,
gjin macht dy’t Mustafa wjerstie:
de sultan op ‘e Frânske troan.

Grut wie ’t leger, amper te oersjen,
mei de Janitsaren yn de striid,
dat Wenen like al ferlern,
de Turkske rom gie wiid en siid.

Image

Krekt op tiid kaam doe de Poalske foarst
Jan Sobieski op ‘e poarten oan,
foar Wenen wie it sa’t it moast,
gjin wiksel op ‘e Frânske troan.

Mustafa, ferneamd as grutfizier,
kriich in pakje mei in swarte sjaal,
de stroppe, sultans kleare taal,
dy strategy wie stjerrend wier.

* Jan Matejko (1838-1893)
Skilderij ‘Jan Sobieski as oerwinner
foar de poarten fan Wenen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum