Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Oerwâlddream

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
As de neinacht ’t oerwâld hâldt
noch yn syn swarte grip
en ljocht en donker sitte op ‘e wip,
dan âlet ’t wâldlûd mannichfâld,
dêrtusken tikket drip nei drip.

Image

As it tsjuster swierder wurdt
en sakket stadich wei,
dan wipt it ljocht de hichte yn en mei
ferskynt in krokodillesturt,
in beamlang lichem komt dêrnei.

Image

As de oerwâlddream waait oer
en ’t eachweid iepenbrekt,
dan is ’t in beam dy’t fier it dok oerstekt,
in ielgoes yn syn keale toer
dy’t mei in skreau syn moarnswyt lekt.

Image

admin

Keunstner

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se sitte boppe ’t dizich wiet
en hingje om as beamfandalen,
’t swarte folk dat witich skyt,
dêr tuskentroch is ’t inkeld bale.

Image

En fiskje dêr’t it is ferbean,
in dûk, in iel en dan mar frette,
bystânlûkers, mar gjin lean,
ûntdûkers fan gemeentewetten.

Image

Untdûke? Hy sit as in byld
te spegeljen gebouwewjukken,
keunstner dy’t de oandriuw fielt
om ’t sielelibben út te drukken.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum