Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Ferfal fan Samaria

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan James Tissot*

Image

Samaria,
it hert hast wolkeheech,
mar djip is dyn ferdjer,
’t ferskil is net te mjitten;
it kwea krûpt yn de smelste steech,
dyn pronkkleed dûnset troch de strjitten.

Samaria,
de berch sjocht op dy del
en wurdt geweld gewaar,
dat guod bringt nei dyn stinzen;
de riken meitsje earmen kjel,
sy gean fier oer de rjochte grinzen.

Samaria,
dyn stinzen rize op,
dyn wenten steane fêst,
dit alles sil ferfalle;
de púnheap hat noch wol in top,
mar nei dyn stinzen moatsto dolle.

Samaria,
dyn froulju lykje kij,
sa glânzet harren fel
op kosten fan de swakken;
har pronkkleed driuwt as wolk foarby,
it rôfdier krijt de kij te pakken.

* James Tissot (1836-1902)
Yllustraasje ‘Profeet Amos’

admin

Trochrinnende profesije

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

De Iene seach de wrâld yn ’t rûn
en liet syn grime hearre:
‘De folken bûge ’t rjochte krom,
foar harren is de tiid ferrûn…
sprek do har oan, profeet,
de tiden troch
en draai it ûnrjocht om,
it kin no noch.’

De godsman Amos krige weet
fan ’t ûnheil foar de folken
en profetearre yn it rûn:

‘Dit hat de Hear te sizzen:
Om it kriichsgeweld yn Syrië
sil Ik de dieders leech- en straf oplizze.
Om it fjurjen yn de Gazastreek
sil Ik de dieders leech- en straf oplizze.
Om de kampen yn hiel Libanon
sil Ik de dieders leech- en straf oplizze.
Om de muorregrins yn Israel
sil Ik de dieders leech- en straf oplizze.’

De godsman Amos seach frjemd op
fan ’t ûnrjocht fan de folken
en profetearre yn it rûn:

‘Dit hat de Hear te sizzen:
Om de drinkeldeaden troch Europa
sil Ik de dieders leech- en straf oplizze.
Om de negermoarden yn Amearika
sil Ik de dieders leech- en straf oplizze.
Om de oarlochsdriging fan de Russen
sil Ik de dieders leech- en straf oplizze.
Om de …’

* Ikoan ‘Profeet Amos’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum