Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Fredestaak

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1991

Image

Wâldsein, it plak fan wurdt it wat,
want op ‘e mar stie amper wyn
en boppedat hie ’t oarloch west:
de liuw hie mei De Lemmer mot,
dat Jelle* lijde oan de pest
en Rienk** seach ’t donker yn.

Image

Mar sjoch, de wedstriid hie wol wat,
want foar lei ’t skûtsje fan Wâldsein,
dêrachter wrachtich wier de liuw
en Jelle dan, de pest ta spot,
hy tocht: As ik mar driuwen bliuw,
dan helje wy de ein.

Hy hie gelyk, mar ’t wie wol wat,
want Rienk naam op De Lemmer wraak
en sûnder dat it oarloch waard,
foar ’t liuwke wie it earste skot,
it dreau De Lemmer fan de kaart,
foldie sa oan syn taak.

Image

* Jelle Reyenga
** Rienk Zwaga

admin

Starums slachfjild

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1991

Image

Yn Starum hie it folk de hichte socht,
wylst bern har op it strân fermakken
mei wat oars as ’t skûtsjespul,
foar dûbel L* in wreed gefjocht,
want Jelle** naam rûch Rienk*** te pakken.

Al yn Terherne hie it oarloch west,
wat útrûn op in flop foar Jelle,
dus gjin frede, earder wraak
op Starum mei in bakboardstest,
mar ’t wie de fraach oft hy dy helle.

Image

De fjildslach barde by de boppeboei
mei as kanon de lange loete,
sjittend oer de liuw syn roef,
it achterdek kaam yn de knoei,
foar Jelle blaam en ek in boete.

De striid hat west, mar nimmen wit de rest;
dêr fart er, oer de streek as twadde,
nêst Wâldsein, dy’t earste waard,
de priis en preemje fiele bêst,
mar net wat op it slachfjild barde.

Image

* Ljouwert en De Lemmer
* Jelle Reyenga
** Rienk Zwaga

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum