Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Ferlerne hichte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
As plompilaren stiet it reid,
de resten fan de simmer,
sa gjin kâns mear om te klimmen,
om’t it brún ferfal foarseit.

Image

Wol tûzentsien pilaren stean
te wachtsjen op ‘e brekker,
sa it foer foar kowebekken,
fjouwer magen troch te gean.

Image

Sels tsien pilaren kinne net
’t ferfal fan klauwen keare,
ek al binne se fan bearen,
sterker is de sykluswet.

Image

Gjinien pilaar is mear te sjen,
wannear’t de hjerst de dize
lûkt om kij derop te wizen:
simmerhichte giet ferlern.

Image

admin

It oranje leger

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Manmachtich kamen se nei ’t lege lân
dat fol stie mei de flugge groei
fan reid en beamkeguod;
se stiene lang yn ’t praat mei lege hân,
doe setten se it fjild yn bloei,
oranje, ’t oare fuort!

Image

Fan kamûflaazjejassen gjin ferlet,
de fijân wie dochs machteleas
en waard folslein ferslein;
se strieden neffens rjocht fan oarlochswet:
de hân by kop, tsjin skonk de lears,
foar ’t beamke wie ’t de ein.

Image

In kilometer fierder stie noch ien
mei ’t reade krús al op ‘e lea,
in offer foar de slacht;
it wite krús lei lang al klear yn ’t grien,
gjin kriichriedspraat mear oar de dea,
in tankskot foar de nacht!

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum