Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Dream

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ik dreamde fan in grut hielal
mei stjerrebylden net te tellen,
oeral banen, hoekich, rûn
en ek ovaal foar sinnen fan dy felle,
mar alhiel net oan har wetten bûn.

Raketten stiene fertikaal,
ien hat my yn syn hertslach sletten,
telde ôf en skeat omheech
om my op koepelhichte ôf te setten,
wylst ik rûn folslein luchtleech.

Ik rûn beret yn myn ferhaal
ta op it tunnelljocht om ’t winnen
fan de himel nei de dea,
mar ’t wie de snie by ’t opgean fan de sinne,
‘k stie op grûn fan eigen gea.

Image

admin

Rompkastiel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
As men weromgiet yn de tiid,
dan rize hege muorren op
en tuorren mei in stielen kop
dy’t foar de riddereare striidt,
mar gjin romp as fûnemint.

Image

Men freget om in argumint
en tinkt it earst oan dynamyk
fan boarch en leger tagelyk,
in wetteroanfal ûnbekend
of previnsje foar ’t klimaat.

Image

De reade weach jout oan it aard
fan wat de wrâld te wachtsjen stiet,
dat alles op of ûnder giet;
as striid net folget op it praat,
rêdt allinnich ’t rompkastiel.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum