Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Skipperstaal

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2000

Image

Mole, hynder, skûtsje, skries
en dêrby ek in pompeblêd,
wat wol men mear yn Fryslân?
In skipper út in doarp of stêd
praat Frysk al is hy ek gjin Fries.

’t Hearde foar de mikrofoan
as flokken yn in katedraal:
Henk Taekema syn Hollânsk;
it wie al út mei syn ferhaal,
hy joech it plak oan ’t roer deroan.

Skippers kamen ta ’t beslút:
Frysk is tenei de skûtsjetaal,
wat wol men mear yn Fryslân?
In skipper mei in smout ferhaal,
want Omrop Fryslân stjoert dat út.

admin

Nei it kampioenskip

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1999

Dit is wat Snitser Douwe* fûn:
op De Lemmer hie it moatten,
winner wurde mei it doel
op eigen wetter kampioen.

Dit is wat Jouster Anne ** bûn:
poermin starte mei it swarte
perspektyf fan misse boel,
de konkurrint waard kampioen.

De twadde priis dy’t Ljouwert wûn,
wie as Ulbe*** dêrmei boarte,
Turbo hold syn holle koel
en kriich it waarm as kampioen.

Image

* Douwe Visser
** Anne Tjerkstra
*** Ulbe Zwaga

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum