Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Our day

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
In plastic pûde, tsjuster as de nacht,
leech yn it gers, want op dit stee
stiet nimmen jûns op wacht,
dus wie it hjoed your day.

Image

Der siet fan alles yn, ek energy,
want troch de dei wie ’t net ferkeard
om yn te drinken, sa
feroare hjoed de sleat.

Image

In plastic pûde, ljochter as de nacht,
foar ’t heinen fan de drippen ree,
lei klear foar nije fracht,
want hjoed is ’t our day.

Image

admin

Lekke bân

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It is noch mar in blauwe stip
yn ’t wrâldsje fan ’t priveerekord
sa as er trapet op syn damesfyts,
mar oaren litte him net kâld:
in lekke bân, ferhip!

Image

De âlde tiid komt dan werom
fan Alvestêdetochten yn
’t kwadraat, de ôfstân wie him noch te lyts,
de bealch derop, want yn de wyn
besoarget dûbel rom.

Image

Hy koe net stikken en net dea
yn ’t wrâldsje fan ’t priveerekord,
doe kaam er tsjin de oerhaal, lokkich lyts,
in lekke bân, al ridlik âld…
hy fytst wer sûnder skea.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum