Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Net ouwehoere

Keunst

fan Adriaen van Ostade*

Gjin stikstof pleaget dizze boeren,
derogaasje ha sy nea fan heard,
want alle dong komt op it lân,
de boer moat sels de leie ha,
oer stront net ouwehoere.

Gjin trekker, mar op eigen skonken
geane sy har paad yn it bestean,
ha sels de leie yn de hân,
sy stikke net yn stof en dong,
mar wurde wolris dronken.

Gjin sprake fan de gong nei hoeren,
want sy hawwe thús in skoander wiif
en bern, de measten mear as sân,
sa bliuwe sy op leeftyd jong,
oer bern net ouwehoere.

Om wiif en bern soms te ûntrinnen,
is de herberch wol in gaadlik plak,
want stof genôch oer dong en stân
fan ’t spul… sy wolle noch ien ha,
dus net oer soargen stinne.

* Adriaen van Ostade (1610-1685)
Skilderij ‘Boeren yn de herberch’


admin

Farao as seder

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

Oer farao klinkt wer in profesy:
Earst riist er op, dêrnei is ’t mei him dien.

Do bist in seder fan de Libanon
mei brede tûken oan in hege stam,
dyn krún stekt yn de wolken op;
de wetterstreamen rinne
om it stee dêrst plante bist;
dat wetter hat dy groeie litten
om oan hichte noch te winnen,
fier steksto dyn tûken út,
dêr nestelje de fûgels op,
dêrûnder kriget mannich bist
syn jongen, foar gjin rôver bút;
de seders yn Gods eigen hôf
komme lang net oan dy ta,
do seder fan de Libanon
stekst fier út boppe de sipressen,
breder bist as de platanen,
sa hat God dy sierlik makke.

Oer farao klinkt wer in profesy:
Del kaam de seder, rap wie ’t mei him dien.

* Foto ‘Seder’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum