Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ut ‘e striid

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2011

Image

Wol harkje nei in krisistiid
yn ’t sylfermidden, jierrenlang,
dy’t tasloech yn Langwar,
dat folkje stribbe nei de earste rang,
mar rekke út ‘e striid.

In sterk ferhaal fleach wiid en siid:
it iene nei it oare skip
fart foar in lyts Langwar,
al wer in nije skipper, wol ferhip,
de âlde út ‘e striid.

De krisis makke lykwols bliid
doe’t einlings kaam de gouden tip:
de klimaks foar Langwar
wie alris kampioen, it is it skip
dat hjit fan ‘Ut ‘e striid’.

Image

’t Gefoel gie nei de âlde tiid
doe’t Ulbe* hearske as in foarst…
kaam hy net út Langwar?
Dat bingo! Pakesizzer Ulbe** moast
no komme yn de striid.

Mar krisis wie it wiid en siid,
’t idee wie doe in sponsorclub,
in bank foar ’t skip Langwar,
it grutte kapitaal sloech ta en hup,
dêr sylde ‘Ut ‘e striid’.

Dochs wie de skipper** lang net bliid
mei ’t djoere goud op ’t achterdek
dat heine moast Langwar,
hy sylde yn de krisis net foar gek
en rekke út ‘e striid.

Image

* Ulbe Zwaga
** Ulbe Brandsma

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum