Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Proefsile

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
It Heale Moantsje woe net helder skine,
alfde waard it yn de striid op Grou,
it mankemint wie net te finen,
argewaasje kleure Folle Moanne blau.

Image

De Feanhoop noege út foar proef te silen,
Teake* stjoerde mei in sigaret,
Bernardus** hat de fok bespile,
’t rikke wol, mar brâne die de Moanne net.

Image

De Meeters dy’t de Ie ek op lavearren,
sylden skraler, rûnen Teake op.
Woe ’t skip net nei de skipper hearre?
Los it roer en nei de fokkenist foarop!

Image

Twa koppen, ljocht en donker as de moanne,
’t Heale Moantsje hong der tuskenyn;
de sinne wie de minne boarne:
troch de rek derút rûn ’t skip net oan de wyn.

Image

*) Teake Brouwer
**) Bernardus Tjerkstra

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum