Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Marinewaar

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1974

It skûtsjelibben is betize
as de westewyn it spul soms brekt
troch twivel: giet it troch of net?
It kin as ’t skipsfolk reven stekt,
sa wie de rie fan waarsiswizen.

Image

Dus lieten skippers harren bine
oan de line fan god meteo,
mar Teake* hie syn eigen wet:
‘Ik far foar fol en rop fan ho
as Dútslân komt mei syn marine!’

By Starum soe net striden wurde,
noch sportyf noch troch de Dútske float,
want wizen draaiden: it koe net!
Gjin twivel, mar wat no oan board
by lege mêst en hege swurden?

Image

By Siete** kaam doe de marine
mei in wapenskyld fan Boalserts rom:
in minefeger dêr’t se net
mei foeren, dat syn broer*** wie stom,
ferslein en koe gjin peuk mear fine.

Image

* Teake Brouwer fan de Heale Moanne
** Siete Meeter fan Boalsert
*** Loadewyk Meeter fan Huzum

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum