Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fan jonge nei âlde Durk

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1973

Image

Hy wie beskieden en ynbannich,
skiede eigen wearde fan wat minder gong,
begong as feint, waard letter skipper,
sylde skerp mar dochs ferstannich,
sa wie Durk de Jong.

It heite skûtsje kriich syn namme,
silend learde ’t soantsje op ‘De Jonge Durk’
de knepen fan it fak as skipper,
knypte skerp, hat nea him skamme
foar de roef of durk.

Hy socht in grutter skip, in klipper,
sylde oer de Sudersee mei kowedong,
mar rûkte ’t blauwe bloed dochs leaver,
gong by de baron foar skipper,
sa wie Durk de Jong.

’t Langwarder skûtsje hat Durk roppen
as betûft, beskieden en ynbannich man;
it eigen bloed hie ’t doarp dus leaver,
streamde út himsels nei boppen,
sa wie wend de swan.

Image


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum