Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dûbel nij

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1963

Gjin eare hiene noch behelle
De Lemmer en ús haadstêd Ljouwert.
Wa koe yn it suden noch fertrouwe
op ‘e griene, heech yn ’t punten tellen?
En wannear smiet Ljouwert los de touwen
om as liuw de skûtsjeshow te stellen?

Image

De Lemmer kocht in nijen, wyt
fan kleur, de skipper net mear jong:
Klaas van der Meulen, stjoerman dy’t
al jierren ’t âlde liet mei song.
Hy stjoerde earst noch foar de proef
De Brekken oer, sa nei Wâldsein;
de froulju sakken yn de roef,
de manlju sieten yn de rein.

Image

Dan Ljouwert, dy’t de Piipster kocht
fan Siete Meeter, striidber man
dy’t om in stêd as sponsor socht,
dan makke hy der wol wat fan:
by ’t blanke skip in seil en fok
al like wyt, mei dûbel swurd
ek nij en dan noch wat gelok
hold skipper Siete grif syn wurd.

Image

Mar Siete koe ús mear fertelle
oer ’t liuwke fan de haadstêd Ljouwert
dat nei in sânde plakje klauwe
soe; De Lemmer paste op syn tellen:
op ’t dek tsien manlju, sûnder froulju
yn de roef is ’t twadde plak behelle.

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum