Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Reboelje yn Ruslân

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Foar har is ’t altyd winterwaar,
de wurkers ha gjin grûn om op te stean,
se bodzje troch yn tinne klean
foar hearen fan fabryk en adel,
úteinlik foar de tsaar.

Mar einlings is it harren oer
en tsjogge se yn optocht nei ’t paleis
mei hjitte koppen ûnderweis,
ynsletten troch soldaten…
se lizze ûnder fjoer.

Fiifhûndert reitsje ’t libben kwyt
op grûn fan opstân tsjin de tsaar syn wet,
dy’t wurkers op in rige set,
gjin inkeld rjocht om mei te praten…
sa klinkt it âlde liet.

It nije klinkt op Potemkin,
it slachskip, hjoed foar seelju om te slaan
har slach mei ’t doel om rjocht te dwaan
oan wurkers sûnder wurd en baten…
reboelje hat dan sin.

It is fuort noch gjin simmerwaar,
mar ’t iis teit yn de maitiid stadich fuort
op grûn fan wat feroarje moat:
gjin grûnwet inkeld foar de adel,
noch minder foar de tsaar.

* Foto ‘Bloedsnein yn 1905’
** Foto ‘Oproer oan board fan de Potemkin’

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum