Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Pancho Villa

Skiednisbylden

fan ûnbekend*



Revolúsjonêr en generaal,
bandyt en Meksikaanske held,
sa gie Pancho Villa troch it libben,
hy skreau syn eigen filmferhaal.

Earmoed makke syn gewearloop hjit,
de riken waard syn komst net meld,
ûnferwachts ferlearen sy it libben,
hy song syn eigen heldehit.

Fan bandyt waard Pancho generaal,
focht foar syn lân en presidint,
hat ferwoeden nei it heechste stribbe,
hy spriek noch altyd kûgeltaal.

Net mear generaal, mar terrorist
yn ’t lân fan rykdom yn de sprint,
santjin minsken brocht er om it libben,
’t ferhaal gie troch, wat hy net wist…

… oant it leger fan Amearika
de grins oerkaam en nei him socht,
mar fergees, ien brocht him om it libben,
hy kaam net mear oan skriuwen ta.

* Foto ‘Pancho Villa’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum