Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dadaïsme

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

De kriich is wier, ja stjerrend wier,
de earste fan de hiele wrâld
op lân, op see en yn de loft
mei foar it earst ek pânsertanks,
de skotten klinke withoefier.

It hobbelhynder ropt: ‘Dada,
ik bin noch jong en net fan sâlt
en wrinzgje dat de keunstwrâld ploft
troch foar it earst in waansin-show,
de poaten klapperje: haha.

De kriich is oer, de wrâlddo koert,
mar Jan Soldaat wie noch net âld,
foar syn gefoel it koartste skoft,
it langste wie foar him te fier,
it skot klonk lûd en dronk syn bloed.

It hobbelhynder ropt: ‘Dada,
farwol, myn hjitte wurdt no kâld,
de eigen hobbel is ûntploft,
de show is oer, de keunst giet troch,
de ein fan ’t wrinzgjen is blabla.

* Yllustraasje ‘It Dadaïsme yn byld’

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum