Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gravilo Princip

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Hy woe him graach bewize,
om’t er lyts wie, ek te swak waard sein
troch Tankosic, Servysk majoar:
‘Nei hûs do, want oars krijst in klap!’
Gravilo soe de oanfal kieze.

Nei hûs ta wie gjin sprake
fan, yn plak dêrfan de ‘Swarte Hân’,
sadat de fijân kriich de klap,
foar ’t heitelân stie hy op wacht,
gjin tinken oan om dan te staken.

Franz Ferdinand liet witte
dat er kaam nei ’t anneksearre lân,
dat dêroan wenne moast, syn stap
koe liede nei noch grutter macht,
dat Bosnië soe ’t sa mar litte.

Wat wie der noch te kiezen
oars as grutter wurde troch it fjoer
dat trof de fijân yn de hals;
Europa kriich dêrnei de klap,
soe mei Gravilo ’t pleit ferlieze.

Syn eigen folk liet witte
dat Gravilo moedich wie, in held,
net lyts of swak yn ’t frjemde stoar,
mar grut en sterk wie as syn byld,
gjin sterveling soe him ferjitte.

* Foto ‘Gravilo Princip’
** Foto ‘Byld fan Gravilo Princip’

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum