Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjinst fan ‘Sjen en Bewege’

Religy

Op 7 maaie 2017 yn Hegebeintum

1. Tarissing

Jubilate, sa hjit dizze snein nei Peaske,
in snein om te jûchheien.
Dêrom lit ús hjoed jûchheie om de maitiid
en om’t wy dizze snein hjir op ’e hichte fiere meie.

Mar dan moatte wy it goede wol foar eagen krije
om jûchheiend yn beweging te kommen.
Dit is dus ek de snein fan sjen en bewege.

Lit ús God oanroppe,
God as de Skepper fan himel en ierde,
dy’t nei de minsken omsjocht,
om’t Hy it wurk fan syn hannen
net loslit.
Amen

2. Sjonge
Psalm 66: 1 en 3

3. Bea

Heare God, wy ha Jo love yn ús liet
en dat dogge wy ek yn ús gebed,
want op dizze hichte sjogge wy
dat rûnom de natuer yn bloei stiet
as belibben wy in nije skepping.

Heare God, wy loovje Jo ek,
om’t der noch altyd minsken binne
dy’t by elkoar komme om optild te wurden
út har eigen soargen en de noeden fan de wrâld.

Dizze hichte is it plak om te bidden
foar minsken dy’t amper moed mear ha
fanwege sykte, in handikap, iensumens en rou.
Hear, ûntfermje Jo oer har.

Dit is ek it plak om te bidden
foar de noeden yn de wrâld,
minsken dy’t honger ha nei brea,
honger nei rjocht en wierheid,
honger nei frede op ierde.

Fan dit plak ôf bidde wy
dat der in ein komt oan grutte wurden,
leagens om sels better foar it ljocht te kommen
en dat nepnijs feroaret yn it blide boadskip,
dat wy Jezus wer sjogge.

Want dan is de dei kommen fan jubilate yn excelsior.
Amen

4. Sjonge
Psalm 66: 6 en 7

5. Ynlieding

‘Bewege’ is tsjintwurdich de rie dy’t foaral fyftichplussers jûn wurdt. Op it sprekoere fan de dokter komt it ek oan de oarder: ‘Krije jo genôch beweging?’
Ik kin mei in earlik gewisse antwurdzje: ‘Alle moarnen om kertier foar achten meitsje ik in rûte troch Snits of in eintsje dêrbûten en om njoggen oere bin ik wer thús.’
Dat dokter hat oer my net te kleien en iksels mei ik net kleie oer myn sûnens, om it op syn Frysk te sizzen.
It is wol sa dat ik net safolle mear om my hinne sjoch, hoewol’t ik noch altyd it fototastel by my ha om wat nijsgjirrichs fêst te lizzen. Bin ik sa njonkelytsen útbeweegd of is der net safolle mear te sjen op ’e rûte troch Snits… en op ’e libbensrûte?

Sa’t wy hjir sitte, binne wy noch altyd yn beweging op ús eigen libbensrûte. As wy de ûndersikers fan it lok leauwe meie, dogge wy Friezen dat mei in strieljend gesicht, om’t wy de lokkichste minsken fan hiel Nederlân binne.

Dat sil wol sa wêze, mar der binne grif ek minsken dy’t it gefoel ha dat se yn in trêdmole rinne, lykas  in hynder eartiids hieltyd itselde rûntsje rûn om de mole yn beweging te hâlden. Foar de minske kin dat op it wurk, mar ek yn de thússituaasje sa wêze, benammen ast groanysk siik bist. It liket dan as binne alle dagen itselde. Do hoechst net om dy hinne te sjen, want folle nijs is der net om op te heinen.

Wa’t yn in rûntsje rint, kin de eagen wol tichthâlde, der is amper útsicht mear. Der binne âldere minsken dy’t sizze dat der wol in ein oan komme mei, want har libben liket foltôge. Wat se troch sykte en handikap meitôgje moatte, is de muoite fan it libben net mear wurdich.

It sil fan ’e moarn net gean oer de keunstmjittige ein fan in foltôge libben. Wol oer yn beweging komme om’t der noch safolle te sjen is. Bewege út ’e rûtine fan it libben wei, wat dy rûtine ek wêze mei. Wy binne as minsken roppen om op te sjen, om’t wy ûnderweis en oan de ein de Hear sjen meie, dy’t opropt om te libjen.

6. Sjonge
Liet 800: 1 en 2

7. Lêze
Jesaja 40, 26-31

8. Sjonge
Liet fan de ballingen: 1, 2 en 3
Wize: Liet 441 út it âlde Lieteboek foar de tsjerken

Kom, folk fan God, op fuotten,
fan jong oant griizjend âld,
fan boartsje oant lang wrotte,
sjoch, foar ús leit de wrâld,
dy’t noeget foar de reis
yn harmony fan sfearen,
ek stoarmen dy’t lûd beare,
dochs ien folk ûnderweis.

Sjoch ’t folk oan Babels streamen
fier fan Jeruzalem,
foarby gean al har dreamen
oant klinkt in kleare stim;
Tsien Wurden wurde mear,
in ienheid yn de boeken
om ûnderweis te brûken,
it libben nimt in kear.

Hear ’t folk as tiden keare,
it halleluja klinkt,
gjin ballingskip sil deare,
omdat de himel winkt;
de reek fan Babel riist,
syn rom wurdt wei yn dize,
mar Sion sil ferrize,
wat op ’e takomst wiist.

9. Ferkundiging 1

Wat kin in rivier prachtich streame, altyd is der beweging, it wetter brûst fan de hichte ôf nei de see ta. Hawwe teologen dêrom it plak fan it paradys tusken de Eufraat en de Tigris lokalisearre, de beide rivieren yn Mesopotamië?

Dat mei dan sa wêze, mar yn de tiid fan Jesaja, sa’n 700 jier foar Kristus, sieten de neikomlingen fan aartsheit Jakob ferslein oan de igge fan de rivier. Se hiene har harpen oan de wylgen hongen, om’t se gjin muzyk of liet ferneare koene. Behalve Psalm 137:
Oan Babels streamen, fier fan hûs ferjage,
ha wy ús need en djippe ellinde klage.
Oerstjoer en oandien tochten wy werom
oan dy, o Sion, en oan dyn hillichdom.
It kaam net yn ús op om noch te sjongen,
wy hawwe ús harpen oan de wylgen hongen.


Ofbylding EO ôflevering ‘Musica Religiosa’

Dêr sieten de ballingen dan, fier fan hûs, de holle foardel, want se koene elkoars fertriet en ûnwennigens net oansjen; oan de igge fan de Tigris wie oars net te sjen as ellinde. Sicht op ’e takomst wie der net. De ballingen wiene net mear yn beweging te krijen. It iennige wat beweegde, wie harren tonge: ‘Myn lot wit de Heare net fan, myn saak is myn God ûntkommen.’
Hearre jim it? Myn lot, myn saak… spile it yndividualisme 2700 jier lyn ek al de haadrol? Dat liket wol sa, mar it leit oars, want de profeet Jesaja sprekt it ferballe folk oan mei de namme fan aartsheit Jakob, dy’t nei it nachtlike gefjocht mei de ingel de namme Israel krige.

Jakob of Israel
Is net it bysûndere fan in profeet dat er relaasjes leit? De relaasje tusken Jakob en de ballingen. Jakob dy’t foar syn poerrazende broer Ezau nei Mesopotamië flechte, it lân tusken de beide paradysrivieren yn. Jakob, de flechtling fan west nei east.
Hjoed de dei is it krekt oarsom: no flechtsje minsken fan east (Mosoel oan de Tigris) nei it westen.
Jesaja wol mei de namme Jakob of Israel in ferbining lizze mei it ferline: doe siet Jakob ek yn de problemen, mar sjochris wat der fan him wurden is; hy kaam mei fjouwer froulju, tolve bern en in grutte keppel as in ryk man werom, dus hy hie wer takomst yn it lân fan belofte.

Sjen en bewege
Hie de profeet it dêrmei wol litte kind? Heechút kaam der noch in konklúzje achteroan: ‘Mei it each op it ferline, krije jim wer sicht op ’e takomst.’
Mar de ballingen oan de rivier hiene de eagen dan noch net opslein, lit stean dat se yn beweging kommen wiene. Dêr wie de Skepper fan himel en ierde foar nedich of de Geast mei in haadletter. Sa’t de Skepper Adam de siken ynblaasd hie, soene de ballingen troch de Geast ek op azem komme.
Mar earst moast de holle omheech, dan koe it sicht ferromme wurde: ‘Slach de eagen omheech en sjoch! Wa hat al dy stjerren skepen?’
 Der wurdt sein dat hjoed de dei yn Nederlân mear as in miljoen mismoedige misken binne, ek jonge minsken. Faak rinne se mei de holle foardel yn de trêdmole fan it bestean. No is it fansels net sa dat se daliks genêzen binne as se nachts nei de stjerren sjogge. Mar wa’t jûns mei de holle yn de nekke nei de stjerren sjocht, kin him ferwûnderje oer de ûneinige romte fan it universum. De astronomen fan hjoed de dei sizze dat der grif planeten binne dêr’t libben op foarkomt. Is it net krekt as sprekt de Geast de minske út it hielal wei oan? It jout in spiritueel gefoel, men kriget der spirit fan, nije enerzjy.

Enerzjy
En dêrmei binne wy wer by de profeet Jesaja werom. Hy hat earst de eachopslach fan de ballingen fan de grûn nei de hichte brocht, want dêr komt de enerzjy wei om oerein te kommen. Se sitte dêr noch, de ballingen, en binne út ’e liken sa wurch. Se ha gjin siken mear om te sjongen, sels net it kleiliet ‘Oan Babels streamen, fier fan hûs ferjage’.
De jongfeinten binne ek dea-ynien en wêrom soene de jongfammen der better oan ta wêze? Alle spirit is derút. Mar dan lit Jesaja it nei de stjerrenacht daagje. Mei’t yn it easten it ljocht trochbrekt, sweeft de Geast oan, de Geast fan de Skepper, dy’t Adam de siken ynblaasd hat. Miskien is tagelyk wol in do, as teken fan de Geast, oer de Tigris op de ballingen oanflein. Mei’t se de holle yn de nekke hiene om te sjen, kamen de siken ek wer op gong. Mei noch altyd de holle yn de nekke seagen se út it easten wei in earnfûgel mei krêftige wjukslach oer de rivier fleanen, byld fan de jongelju dy’t wer op fuotten kamen en de wjukken útsloegen. De gesichten waarden nei it westen keard en doe kamen de stive lea yn beweging. De ballingen, dy’t gjin balling mear wiene, krigen aartsheit Jakob foar eagen, dy’t mei syn froulju, bern en keppel nei it lân fan belofte teach.
Is it net bysûnder dat in profeet sokke bylden foar eagen kriget foar’t er dy ferwurdet? Sa joech de profeet Jesaja de ballingen wer sicht op ’e takomst en brocht dêrmei harren geast yn beweging om letter sels yn beweging te kommen op ’en paad nei Sion en syn hillichdom.
Us eigen wrâld is folop yn beweging. Berjochten oer striid, flechtlingen, grutte wurden, leagens fan machthawwers, nepnijs en gean samar troch komme massaal op ús ôf. Der binne dagen dat minsken it net mear sitten sjogge. Se bliuwe sitten wêr’t se sitte: oan de igge fan in stilsteande rivier, as ballingen yn de eigen wrâld. Of se rinne, slepend fan wurgens, yn de trêdmole fan it bestean. Wêr bliuwt dan de profeet dy’t opropt om nei de stjerren te sjen en yn beweging te kommen? Jesaja, Jeremia, Gandhi, Martin Luther King, Nelson Mandela… en dan stûket it… of is der in profeet yn de omkriten fan Hegebeintum?

10. Sjonge
Liet fan thúskomst: 1, 2 en 3
Wize: Liet 315 út it Lieteboek

De Hear rôp op syn feint Jesaja:
‘Rop op nei hûs wa’t balling is,
lit klinke oan de ierde-ein ta
dat ivich bliuwt myn leafde wis.’
Lit ús dan brekke út ’e bannen
fan soarch om lijen en gemis,
de oerstek dwaan troch toarre lannen
nei hûs dêr’t libben wetter is.

De Hear liet oan Jesaja witte:
‘Ik ha elk al by namme neamd,
gjin noed, Ik sil de djipte mjitte
fan ’t wetter dat sa skomjend streamt,
Ik sil jim troch rivieren fiere,
dat elk komt oan de oare kant,
it lân dêr’t jimme berntsjes tiere,
gjin macht dy’t dêr mear strikken spant.’

Jesaja hat fan tiden sprutsen
dêr’t hy de strekking al fan seach:
hoe’t kweade machten stikken brutsen,
út alle streken kaam in weach
fan soannen troch rivieren hinne
en dochters nei ’t beloofde lân,
dy’t mei elkoar de takomst binne
fan hiel de wrâld yn ien ferbân.

11. Lêze
Jehannes 16, 16-23a

12. Sjonge
Liet 663: 1 en 2

13. Ferkundiging 2

Dêr sitte se dan, de dissipelen, nei’t se de wurden fan Jezus oer sjen en net sjen oanheard ha. Se binne der oerémus fan. De wurden kolkje yn har om as in rivier dêr’t se troch meisleept wurde. Se kinne gjin hâldfêst krije.
It liket as bûcht Jezus syn paad ôf fan it plak dêr’t de dissipelen sitte. As bliuwe se ferweesd en ferfrjemd achter. It komt ommers frjemd op de dissipelen oer wat Jezus ferkundiget. Se binne efkes frjemdlingen op eigen grûn. Is der in grut ferskil mei ballingen op frjemde grûn? Beide kearen is der sprake fan ferfrjemding.
Wat wy al witte, dat is foar de dissipelen noch frjemd. Wy sjogge mei oare eagen nei Jezus, hawwe sicht op syn lijenswei,
dea oan it krús (trije dagen net te sjen),
opstanning (fjirtich dagen wol wer te sjen),
himelfeart (net mear te sjen),
pinkster (sichtber troch de Geast)
en de belofte fan it wer op ierde komme (dus nei ferrin fan tiid is Jezus wer te sjen)
Wy kinne dus de ôfwikseling tusken ‘Jezus sjen’ en ‘Jezus net sjen’ wol begripe, want hoe faak ha wy al net stilstien by Goed Freed, ha wy Peaske, Himelfeart en Pinkster fierd?
De dissipelen moatte it dwaan mei in pear útspraken fan Jezus. En dêr sjogge se gjin heil yn, se wurde meisleept troch de emoasjes dy’t de wurden oproppe. Wêr kinne se har dan noch oan fêstgripe om te begripen wat Jezus bedoelt?
Mar witte wysels krekt wat Jezus bedoelt? Yn de rin fan de iuwen hawwe tsjerkeheiten (kerkvaders) en teologen neitocht oer de útspraken fan Jezus. Der binne grutte gearkomsten oer holden, dêr’t se spul krigen oer hoe’t it no krekt siet. Wa’t it net mei de mearderheid iens wie, waard as ketter de tsjerke útsmiten. Nei drege petearen diene de gelearden sels útspraken oer Jezus, útspraken dy’t ta dogma’s waarden. Dêr moast it tsjerkefolk yn leauwe, woene se letter opnommen wurde yn de himel.
En hjoed de dei? De measte tsjerken rinne leech. Jonge minsken ha neat mear mei de dogma’s dy’t iuwen lyn fêststeld binne. As se al leauwe, dan is it op de manier fan professor Peter Barthel, dy’t antwurd jûn hat op ’e fraach fan de sânjierrige Anco: ‘Professor, bestaat God?’
Lit ús freegje: ‘Jezus, watfoar byld stiet Jo foar eagen?’

Lykas de profeet Jesaja liet Jezus it net by útspraken. Beide waarden troch de Geast dreaun om de geast fan de minsken yn beweging te bringen. Beide diene dat troch bylden, it libben sels moast foar eagen komme. Jesaja brûkte it byld fan de stjerren en fan de earnfûgel. Jezus fielde de pine al oan dy’t de dissipelen ha soene nei’t Hy net mear te sjen wie. It byld fan de mem dy’t in berntsje kriget, is gaadlik fanwege de pine ûnder de befalling en de freugde oer it bern dat libben op ’e wrâld komt.
In prachtich byld fanwege de takomst dy’t mei de berte fan in bern iepengiet. Yn harren bern krije de âlders de takomst foar eagen, dêr komme se foar yn beweging.
Is it sa ek net mei Jezus? Hoewol’t it yn it leauwe fan tsjerkeminsken in ôfwikseling is fan sjen en net sjen (Jezus foar eagen ha en Him net mear sitten sjen), giet de takomst foar ús iepen as de Geast begjint te waaien, lykas op it Pinksterfeest. Dat wie de berte fan de tsjerke as mienskip fan minsken dy’t yn beweging kamen. Soene wysels ek net wer berne wurde moatte om te sjen wat Jezus bedoelde en om yn beweging te kommen?
Anco frege: ‘Professor, bestaat God?’
Professor Barthel antwurde: ‘God is de Geest die wereld bezielt.’

Dyselde Geast hat Jezus besiele yn syn útspraken en dwaan en litten. Dy Geast iepenet ús ek de eagen om Him no al te sjen yn minsken fan de goede dieden. En wa wit geane ús de eagen noch wider iepen yn de takomst.
Amen

14. Oargelspul

15. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

16. Sjonge
Liet 315: 1 en 2

17.Seine

Lit ús fan dizze hichte ôf
de wrâld wer yngean
mei de seine fan God de Heit,
de leafde fan Jezus Kristus de Soan
en de ynspiraasje fan de Hillige Geast.
Amen

18. Sjonge
Liet fan Hegebeintum: 1, 2 en 3
Wize: Liet 280 út it Lieteboek

De hichte is in suver plak
sa’t Hegebeintum leit,
hjir ûnder ’t himelskblauwe dak,
wat alles steefêst seit.

Lit al it folk hjirhinne gean,
de oekumene yn,
dan sil de hichte wêze ’t lean,
de geast waait as de wyn.

As Hegebeintum wurdt it hôf
fan Eden, it model
fan sjongend folk de Hear ta lof,
dan komt de seine del.

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum