Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjinst fan it fisioen

Religy

Op 4 novimber 2018 yn Hegebeintum

1. Tarissing

Wy binne fan ’e moarn by elkoar kommen
om troch it tredde each fan Jehannes
yn de himelske troanseal te sjen.

Hy is de skriuwer fan Iepenbiering,
it lêste boek yn de Bibel.

Wy roppe oan it begjin
fan dizze fisioentsjinst
God oan,
dy’t oan it begjin fan it universum stie
en oan de ein der ek wêze sil,
trou oan de belofte oan it minskdom:
Ik bin dy’t Ik bin en Ik sil der altyd wêze.
Amen

2. Sjonge
Liet 280: 1, 2 en 3

3. Bea

God ús Hear,
Jo stiene oan it begjin fan it universum
en ha oan Mozes jo namme bekend makke:
Ik bin dy’t Ik bin en sil der wêze.
God wy tankje dat Jo dy namme oer ús
útroppen ha, want dan hoege wy net allinnich
troch it libben te gean.

Wês ek hjoed mei de Geast yn ús fermidden,
sadat it oekumenyske wurkferbân fan Hegebeintum
in iepen mienskip wêze mei,
dêr’t elkenien him wolkom fielt;
in iepen mienskip mei in iepen each foar it fisioen
fan Jehannes en in iepen ear foar it lofliet
dat Jo yn de himelske troanseal tasongen wurdt.
Meie wy dêr no yn meistimme.
Amen


Jheronimus Bosch

4. Sjonge
Liet 280: 4, 5 en 7

5. Ynlieding

Minsken en de measte dieren hawwe twa eagen. Dêr kinne se de wrâld om har hinne mei waarnimme. It is in grutte handicap om blyn te wêzen of te reitsjen. Foar blinen is de wrâld as de nacht wurden.
Der binne ek minsken dy’t it ljocht út ien each kwytrekke binne. De wrâld is dan noch wol ljocht, mar hat foar de ieneage de djipte ferlern.

In bysûnder ferhaal is dat fan Marten Groenhof silger, boer en keunstskilder yn It Heidenskip. As skoaljonge moast er fan master mei in meske de punten op ’e potleaden slypje. Doe’t it meske útskeat, trof it ien fan syn eagen en rekke hy dêr blyn oan. Dochs koed er mei dat iene each noch goed tekenje en skilderje. It aparte wie dat er op syn skilderijen noch djipte oanbringe koe. Hied er yn syn inerlik de djipte fan de wrâld om him hinne opslein? Troch in soarte fan inerlik each?

Men soe sizze kinne dat wy allegearre in inerlik each ha, nammentlik as wy dreame. Guon dreamen steane ús as in filmfragmint klear foar de geast. Elkenien hat wol fan dy, wat men neamt luside dreamen. Mar de measte dreamen binne sa flechtich dat wy se net neifertelle kinne.

Behalve nachtdreamen binne der ek deidreamen. In foarbyld dêrfan komt út myn eigen ûnderfining. Alle dagen rin ik oer de Grienedyk by de Snitser mar. Dy dyk leit boppe it feanlânskip, mar is net sa heech as de terp fan Hegebeintum. Net dat ik dêr tusken ierde en himel dreamend oer de Grienedyk  rin. Mar ik sjoch om my hinne en foar my út. Op in dei lei der in fearke, prachtich tekene, op it rûge asfalt. Doe hie ’k in deidream oer it ferskil tusken it wurk fan de Skepper en it wurk fan minskehannen.

Asfaltfearke

De holle heech, mar soms foardel,
’t is net allinnich yn de loft te finen,
’t langstme dat de himel iepenbrekt,
joech him sûnt de bernetiid al del.

Bûch dêrom faker nei de grûn,
bytiden sil it ljocht op ’t fearke skine
dat in ingel fleanend falle liet,
’t wurdt foaral troch berne-eagen fûn.

Want grutten ha wat mear mei hurd:
it asfalt om mei faasje op te fleanen,
rubberbannen gûnzje ’t toanleas liet,
blaze ’t fearke op ’e luchtstream fuort.

De ingel blaast it wer werom,
dat berne-eagen der oerhinne geane
en in finger oer de rûntsjes strykt…
’t fearke bûcht foaroer, de rêch wurdt krom.

Der binne ek minsken dy’t in tredde each ha, net mei eachwyt en in pupil, mar figuerlik sprutsen. Dat figuerlike each sit boppe de noas, tusken de wynbrauwen wurdt der wol sein. De minsken mei sa’n tredde each kinne bylden opheine dy’t út ’e godlike sfear komme. Dy bylden wurde fisioenen neamd, boadskippen dy’t by wize fan sprekken fan boppen nei ûnderen komme.
Ik ha in ikoan meinommen dat it delkommen fan in fisioen sjen lit:
– It godlike ljocht dat yn strielen nei ûnderen komt.
– Dy strielen wurde opheind troch Jehannes.
– Dy jout yn wurden it fisioen troch oan syn skriuwend feintsje.

Oer it fisioen fan de himelske troanseal sil Jehannes fan ’e moarn fertelle.
‘Wa’t earen hat, lit him hearre wat de Geast tsjin de gemeente seit.’
It begjint mei in sêft sûzjen en oan de ein klinkt it lofliet.

6. Sjonge
Liet 283: 1, 2, 3, 4 en 5

7. Lêze
Iepenbiering 4

8. Sjonge
Liet 405: 1, 2, 3 en 4

9. Ferkundiging 1

Syn namme hat al klonken: Jehannes. Der binne safolle manlju dy’t troch de tiid geane mei dy namme. Twa fan harren binne tiidgenoaten fan Kristus: Jehannes de Doper en Jehannes de dissipel, dy’t by it nachtmiel nêst Jezus siet. It kin Jehannes de Doper net wêze dy’t de fisioenen yn Iepenbiering foar eagen hân hat, want hy wie yn opdracht fan Herodus ûnthalze. It sil dy as preker en doper mar barre datst om dyn wurden de deastraf krigest!
Jehannes de dissipel dan? Der binne teologen dy’t him oanwize as de skriuwer fan it boek Iepenbiering. Mar yn de tiid dat hy as balling op it eilân Patmos isolearre waard, wie hy gjin jongfint mear, sa’t Leonardo da Vinci him nêst Jezus skildere hat. De dissipel Jehannes, letter apostel om it boadskip fan Kristus te ferkundigjen, moat op Patmos al njoggentich jier west ha… wat wol mooglik is fansels.
Mar der binne ek teologen dy’t in oare Jehannes op it each ha, dy’t yn Jeruzalem kristen wurden is, flechtsje moast en as learaar yn Lyts-Azië de nije lear ferkundige hat, foaral yn Efeze. Dizze Jehannes beskôge as syn grutte foarbyld de dissipel fan Jezus en dêrom soed er it boek ûndertekene ha mei de namme Jehannes.

Yn alle gefallen hat er it yn Efeze ek net troffen. Net dat hy flechte is, mar de Romeinske pommeranten woene sa’n rebel wol kwyt en dan wie der gjin gaadliker oplossing as isolearje op in eilân, yn syn gefal Patmos.

Dêr sit er dan, mei it útsicht oer de see, hy kriget sels de kust fan Lyts-Azië yn it each. Wat woed er graach werom om de gemeente fan Efeze en fan oare stêden wer te bemoedigjen mei it boadskip fan Kristus. Mar hat hysels noch wol moed no’t it godsryk mei ‘frede op ierde’, sa’t de ingels boppe Betlehem songen ha, der altyd noch net is? Jezus hat sels sein dat syn dissipelen it noch belibje soene dat Hy as triomfator weromkomt. Mar de dissipelen libje net mear, der wurdt sein dat Petrus en Paulus sels de deastraf fan de Romeinen ûndergean moasten.
De Romeinen mei harren Pax Romanum, de Romeinske frede op ierde, it soe wat! Wa’t de knibbels net foar de keizer bûge wol, wurdt oppakt en noch slimmer: yn de arena oan de liuwen fuorre. Is dat gerjochtichheid, Leave Hear? As de Heit yn de himel sa almachtich is, dan wurdt it no tiid om yn te gripen en syn Soan as triomfator út ’e himel wei op ierde delkomme te litten.
Hjir sit ik dan, Almachtige, mei de holle yn de nekke en sjoch nei de wolken dy’t foarbydriuwe en achter de kym weiwurde. Ik bin der klear foar!

10. Sjonge
Liet fan de rampen: 1, 2 en 3
Wize: Psalm 134

Wannear, o Hear, is it safier?
Wy sjogge út nei ’t Keninkryk.
Wêr fine wy in goed ûntwyk?
Hoe wurde bibelwurden wier?

Wy sjogge rampen op it skerm:
de bergen spuie reek en fjoer,
de floeden weagje diken oer
en liken lizze yn de berm.

Wit dat dit net it lêste is,
mar rampen hawwe ek har tiid;
wa’t folhâldt yn de ierdske striid,
is fan it keninklike wis.

11. Ferkundiging 2

Doe’t in tal jierren lyn Russyske astronauten fan in romtereis weromkamen, hiene se in triomfantlik boadskip. Net dat se Jezus yn de kosmos sjoen hiene, ûnderweis nei de ierde as triomfator oer de ierdske machten. Nee, se fertelden dat se yn de kosmos gjin himel en gjin God sjoen hiene.
Earme kosmonauten, dy’t allinnich tinke koene op syn ierdsk, yn trije diminsjes: lingte, breedte en hichte.
Wittenskippers hawwe ûndertusken ûntdekt dat it universum wol tsien diminsjes hat. No wol ik net sizze dat de himel te finen is yn de tsiende diminsje. Wy moatte wittenskip en religy net trochinoar helje.
Jehannes hoecht op Patmos net te tinken yn diminsjes. Hy wit al lang hoe lang en breed it eilân is en hoe heech de wolken by de loft lâns driuwe. Nee, Jehannes krijt op Patmos in tredde each, in figuerlik each om de himelske troanseal te skôgjen. Earst sjocht er allinnich noch mar in iepen doar, want de himel komt net op ierde, hy moat sels yn beweging komme.
As er troch de doar is, knypt er syn ierdske eagen stiif ticht fanwege it strieljende ljocht, allinnich it tredde each bliuwt iepen. Hy belibbet folle mear as de Russyske astronauten yn de kosmos, dêr kinne de triljoenen triljende stjerren net tsjinop.

De troan


… as teken dat der regeard wurdt, dat it minskdom net oerlevere is oan ierdske machten, net oan de Romeinske keizer, net oan Trump of Poetin.
Der sit Ien op de troan, de Iennige, dy’t gjin foarm hat, mar strielet as ealstiennen mei boppe him de reinbôge, teken fan de ferbining tusken himel en ierde: gjin ûndergong fan de ierde, mar it opheffen nei in himelske hichte: de himel op ierde.

Fjouwerentweintoch troanen om de iene troan hinne…


…  mei fjouwerentweintich âldsten as teken fan de gemeente. Mar der is ek wer in ferbining mei de kosmos, want de wizen út it easten, dy’t nachts de himel bestudearren, seagen 24 sterregoaden yn de diereriem. Wurde dy goaden by wize fan sprekken ynlive yn de himelske hofhâlding? It soe bêst kinne, want God is de Hear fan de hiele kosmos mei syn triljoenen stjerren.

Sân lôgjende fakkels…
… as teken fan de Geast fan God. It getal sân stiet foar alles, it gehiel, himel en ierde, de kosmos. Al wer God as Hear fan de hiele kosmos, brânend fan leafde.

Fjouwer libbene wêzens mei seis wjukken en oeral eagen…


… de liuw, it bollekeal, de minske en de earnfûgel. Al wer is der in ferbining mei de wizen út it easten, dy’t no net de stjerregoaden op it each ha, mar fjouwer kosmyske krêften, ferbylde as liuw, bollekeal, minske en earnfûgel. Elk fan dy krêften sit op in hoeke fan de ierde: noard, súd, east, west. Ut dy hoeken wei wurdt de hiele ierde bestjoerd. De profeet Ezechiël, dy’t as balling yn Babel wenne hat, hat yn syn boek dy krêften ek beskreaun. Fia Babel en Patmos binne de kosmyske krêften opnommen yn de himelske hofhâlding. Al wer God as Hear fan de hiele kosmos, fereare troch de fjouwer krêften, dy’t ien en al each binne, dus op skerp steane. Want sy binne it dy’t de himelske liturgy geande hâlde moatte. Harkje mar:
‘Hillich, hillich, hillich is God de Hear, de Almachtige,
dy’t is en dy’t wie en dy’t komt.’
De fjouwertweintich âldsten dogge mei, falle foar de troan del en roppe:
‘Jo komt it ta, ús Hear en God,
dat Jo lof, eare en macht tabrocht wurdt,
want Jo hawwe alles skepen,
troch Jo is it skepen en ta wêzen kommen.’

En Jehannes? Hy docht de eagen wer iepen op it eilân Patmos, ûnder in himel mei  triljoenen stjerren, en heart yn it rûzjen fan de see de fjouwer kosmyske krêften noch neisjongen.

En Hegebeintum? No soe ien fan jim oereinkomme kinne om syn deidream fan it godsryk te fertellen.
Of soe der ien yn ús fermidden wêze dy’t wier in fisioen belibbe hat?
It falt net ta om dat dan samar te fertellen.
Dêrom hat Jehannes syn fisioenen opskreaun.

Is der better plak yn Fryslân as Hegebeintum?
Om op dizze hichte in fisioen te krijen?
Amen

12. Oargel

13. Sjonge
Liet 726: 1, 3 en 6

14. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

15. Sjonge
Liet fan Micha
Wize: In spyltúch bin ik yn Gods hân

Jeruzalem, de stêd fan rjocht
yn wurd, mar mear yn died,
ik profetearje fan it ljocht
en wat de takomst biedt:
de flakte giet de hichte yn,
Gods berch sjochst al fan fier,
de dowen sweve op ’e wyn,
de frede wurdt dêr wier.

Dus alle stêden op ’e wrâld,
hear nei it Wurd fan God,
de hege berch wurdt ta syn troan,
der komt in kear yn ’t lot:
kom, gean mei ús de hichte yn
en bliuw net ûnder stean,
de dowen sweve op ’e wyn
mei fredesfreon de earn.

Fan Sion gean de Wurden út
op Mozes’ stiennen skreaun,
de frede ken gjin oarlochsbút,
de fijân wurdt ta freon:
in ploech wurdt út ’e swurden smeid,
de sichte út ’e spear,
gjin mins dy’t noch de deastek krijt,
der is gjin oarloch mear.

Dus Ferwert, Hegebeintum, Stiens,
sjong mei it libbensliet:
genietsje fan it deistich brea,
de wyn dy’t freugde biedt,
dan giesto mei de hichte yn,
Gods berch sjochst al fan fier,
de dowen sweve op ’e wyn,
de frede wurdt dêr wier.

16. Seine
Wy geane by de hichte fan de terp del
nei de flakte fan it deistige libben
mei de seine fan God de Heit,
de leafde fan Jezus de Soan
en de ynspiraasje fan de Geast

17. Sjonge
Liet fan Hegebeintum
Wize: Liet 280

De hichte is in suver plak
sa’t Hegebeintum leit,
hjir ûnder ’t himelskblauwe dak,
wat alles steefêst seit.

Lit al it folk hjirhinne gean,
de oekumene yn,
dan sil de hichte wêze ’t lean,
de geast waait as de wyn.

As Hegebeintum wurdt it hôf
fan Eden, it model
fan sjongend folk de Hear ta lof,
dan komt de seine del.

 

 

 

 

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum