Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Byldtsjinst yn Drylts

Religy

Tsjinst op 30 oktober 2005 yn Drylts

Image

De ferkundiging wie yn trije parten:
Flinke frou                                       Spreuken 31, 10 – 18
Marije en Jezus                               Lukas 2, 1 – 7
De frou, it bern en de draak        Iepenbiering 12, 1 – 6

Yn de tsjinst waarden de folgjende bylden brûkt:
Ikoan ‘Marije en Jezus’
Ikoan ‘Jehannes en learling’
Trijelûk ‘It lêste oardiel’ fan Lucas van Leyden

1. Tarissing

Wy komme fan ‘e moarn by elkoar
mei it byld fan dizze tsjerke foar eagen,
it fêste plak,
en mei it byld fan de wei nei de takomst,
fan plak nei plak,

en sprekke dêrby út dat:
Us help is yn de namme fan de Hear,
dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t trou is oan syn skepping
en dy’t stiet foar it wurk
dat Hy op Him nommen hat.

2. Ynlieding

Wy geane fan ‘e moarn op wei,
in reis nei it hûs fan de flinke frou,
nei de stâl fan Betlehem,
it plak fan Marijes befalling,
nei it eilân Patmos yn de Middellânske See,
dêr’t Jehannes de Iepenbiering krige
en nei de hoale fan de fjoerreade draak
mei syn sân koppen en tsien hoarnen.
Wy sprekke de hoop út op in goed reis.

3. Sjonge
Liet 434: 1, 2, 3

4. Foar de bern

5. Sjonge
Liet 434: 4, 5

6. Gebed

7. Sjonge

Liet 474: 1, 2

8.  Lêze
Spreuken 31, 10 – 18

9. Sjonge
Liet ‘Flinke frou’

Wa ropt dy, suster, ta de die?
Dyn wearde mjit men ôf
oan kralen yn in gouden snoer,
do bist in flinke frou,
dyn rop giet stêd en krite oer
fanwege fjoer en flam,
dêrsto de waarmte mei behâldst,
komst út Marijes stam.

10. Ikoan ‘Marije en bern’

Image

11. Lêze
Lukas 2, 1 – 7

12. Sjonge
Liet ‘Marije’

Wa ropt Marije ta de reis
nei ’t fiere Betlehem?
Augustus, Romes goadesoan
hjit dat mei lûde stim,
mar by it rizen fan de moarn
brekt troch it nije ljocht
it sjongen oer Gods ierdske Soan,
de Kening fan it rjocht.

13. Ikoan ‘Jehannes’

Image

14. Sjonge
Liet ‘Jehannes’

Wa ropt Jehannes om te sjen
de bylden boppe see
fan ’t eilân Patmos, ballingsoard,
syn wûnderbaarlik stee;
hy skôget dêr fan súd nei noard,
fan westen nei it east
it ûnheil oer de macht fan nee,
mar ’t heil noch aldermeast.

15. Lêze
Iepenbiering 12, 1-6

16. Sjonge
Liet ‘Draak’

Wa ropt dy út ‘e ûnderwrâld,
do byld fan wrede wraak?
In lôgjend fjoer fan kop oant sturt,
do stjerreagjende draak,
mar wit, de die is nei it Wurd,
de Soan komt op ‘e troan,
de frou fynt plak yn de woestyn
en wachtet op ‘e moarn.

17. Ferkundiging

In trijelûk, sa komme hjoed de bylden út ‘e Bibel op ús ôf. Jim kinne grif wol de trijelûken út ‘e midsieuske tsjerken. Ik ha der in kopy fan meinommen. It giet oer it Lêste Oardiel, skildere troch Lucas van Leyden.

Image

Op it middelste lûk is Jezus op ‘e wolken skildere. Hy oardielet de libbenen en de deaden. De minsken dy’t de himel fertsjinne ha, stjoert er nei rjochts fan Him. Sy geane mei de ingels mei. De oare minsken wurde troch de duvels nei de hel brocht, nei it ivige fjoer.

It trijelûk fan fan ‘e moarn sjocht der oars út, mar der binne wol oerienkomsten. Twa dêrfan litte in stikje himel sjen, de himel op ierde:
de flinke frou links
Marije en it Bern yn de midden
It rjochterbyld lit in stikje fan de hel sjen: de frou en it bern, wylst de draak klear stiet om it bern by har wei te skuorren.

De flinke frou

Sjogge wy it noch foar ús?
De mem moarns ier en betiid foar de kachel mei oansethoutsjes en as it fjoer deryn siet, in turf derop of antrasyt. De tafel klear meitsje, bôle foar de bern yn it trompke foar mei nei skoalle. En as man en bern de doar út wiene, moandeis oan de wasktobbe, om ‘e dei op ‘e flier omkrûpe mei feger en blik. Jûns mei nuddel en tried om de sokken te stopjen of in lape yn in skuorde broek te setten. En jûns as lêste de lampe útblaze.

Wiswier, in lofliet op ‘e deeglike húsfrou, sa’t it doe hiet.
As de Bibel yn 1950 skreaun wie, dan wie dit de tekst fan Spreuken 31 wurden.

Sjogge wy it no foar ús?
De mem as earste fan ’t bêd. De knop fan de cv omheech, net it measte wurk, mar dan de bern derôf, waskje, yn de klean, nei skoalle ta. De knop fan de waskmasine omdraaie, net it measte wurk, mar mem wurket ek bûten de doar.
De bern út skoalle, nei fuotbaltraining, ballet, ponyriden, nei de biblioteek, in kadootsje keapje foar in jierdeisbesite, gau nei Poeisz foar it jûnsiten, foar it fornús, ite, de brot yn de ôfwaskmasine, net it measte wurk. En nachts, yn de wykeinen, as de bern al pubers binne, jout mem har net earder del as it ljocht op ‘e oerloop útknipt wurdt, wylst heit al oeren nêst har leit te snoarkjen.

Wiswier, in oade oan de flinke frou. Of moatte wy hjoed de dei mei it each op ‘e emansipaasje en de man yn de húshâlding ek sprekke fan in oade oan de flinke man? As de Bibel yn 2005 skreaun wurde moast, dan soe dit de tekst fan Spreuken 31 wurde.

Marije en it bern

Wat hie it middelste lûk prachtich wurde kinnen. Yn de wolken de Romeinske keizer Augustus as god, útsjend oer de wrâld, syn wrâld, oerdieljend oer de libbenen, mei beide earms wizend dat de hiele wrâldbefolking op reis gean moast om har ynskriuwe te litten. Want god Augustus woe witte hoefolle minsken yn syn godlike wrâld wennen, hoe mear hoe machtiger. En sjoch, ûnderoan yn byld komme út ‘e fjouwer wynstreken streamen folk opsetten, net nei himel of hel, mar nei de telplakken.
Ik kin it net litte om derby te sizzen dat dy telplakken hjoed de dei feroare binne yn formulieren en nochris formulieren of ynternetsites dêrst dyn gebrûkersnamme, wachtwurd, nûmers en nochris nûmers ynfolje moatst. De telplakken fan Microsoft, Bush, Poetin, …

Gjin god Augustus op dat middelste lûk, mar in frou mei in bern. Is der leafdefoller byld as in mem mei in bern? Lichem op lichem, siel op siel, in ienheid dêrst oandien fan wurdst, rekke oant yn it djipst fan dyn eigen siel.
Mar sjoch, op dat middelste lûk giet it noch djipper of moatte wy sizze… heger. Want alle matearje om dy mem en dat bern hinne is fuortfallen: gjin stiennen muorren, gjin widze mei gerdyntsjes, gjin inkele wielde. Allinnich in houten stâl en in krêbe.

Dat berntsje groeit op ta in man mei hert foar de minsken, in rjochtfeardige, yn de geast ferbûn mei de Skepper fan himel en ierde en dêrom syn Soan, Soan fan God, dy’t wer komt, miskien wol op ‘e wolken, om te oardieljen de libbenen en de deaden:
“Kom flinke froulju en manlju, kom leave bern, jim hawwe besocht om in himel op ierde te meitsjen, it is net hielendal slagge, mar it Keninkryk fan myn Heit is foar jim.”

Image
Sa’t Lucas van Leyden it seach

De mem, it bern en de draak

De ôfbylding op it linkerlûk sweeft tusken himel, hel en ierde. In frou, dy’t yn ferwachting is, wurdt sichtber oan de himel mei de sinne as aureoal en de moanne as fuotbank. Se hat in kroan op mei tolve stjerren, de tolve stammen fan Israel. Dy frou stiet foar it folk Israel sels, har namme soe Marije wêze kinne. Dan is it har tiid om mei pine te befallen fan it bern… en se krige doe har earstlingssoan.
Mar se hat it net iens oan tiid om him yn doeken te bewuoljen, want it byld ferpleatst him nei de hoale fan de draak. Der ferskynt er, fjoerread, mei sân koppen en tsien hoarnen, op dy koppen sân diademen… sân, in getal dat by de himel heart, want sjoch, de duvel wol as God wêze.
Mar wat in ferskil mei God sels, want wylst de Skepper de stjerren oan de himel brocht, swaait de draak mei syn sturt in tredde part fan de stjerren fan de himel en smyt dy op ‘e ierde. De hel (op ierde)…

Image
Sa’t Lucas van Leyden it seach

Mar de draak is noch net klear, want as mem en bern yn leafde ta ienheid wurde, besiket hy dy ienheid útinoar te skuorren. It sjocht der nei út dat it bern it belije moat, lykas bern sa faak it slachtoffer wurde.
Lykwols yn it Ryk fan God komme bern op it earste plak en ek dit bern wurdt foar de gripende poaten fan de draak weihelle en nei de troan fan God brocht. Foar him leit de opdracht al klear: hoeder wurde, mei in houten stêf yn leafde foar wa’t longeret nei de griene greiden fan Gods Keninkryk; en mei in izeren stêf foar wa’t de ierde mei diktatormacht, fjoer en ferdjer swart makket.
En de frou? Sy wurdt net oan har lot oerlitten, mar kriget in plak yn de woestyn, de iensume oarde, dêr’t it folk Israel ek trochhinne moast om it lân fan belofte te berikken. In mem moat geduld en úthâldingsfermogen ha foar’t foar har húshâlding in stikje himel op ierde komt.

Hoefolle draken ha yn de rin fan de histoarje wol net besocht om it bern út ‘e earms fan de mem te skuorren? Net te tellen!
In pear foarbylden:

– De negermemmen dy’t yn Amearika troch de slavedriuwers apart fan har bern ferkocht waarden.
– De yndianememmen dy’t yn it westen fan Amearika seagen hoe’t harren bern trochstutsen of skalpearre waarden troch de blanke kolonisten.
– De joadebern dy’t oppakt waarden, skieden fan har mem, en yn de gaskeamer telâne kamen.

Mem en bern, it byld fan in net te ferbrekken ienheid, sels oer de dea hinne. Sa fertelde dûmny Bram Grandia fan in mem dy’t fjouwer bern nei it tsjerhôf bringe moast.
De earste kear in dochter dy’t harsels tekoart dien hie. De begraffenis wie op in tsjerkhôf tusken Lemmer en Wâldsein, middenyn de greiden. De mem frege nei de koster, want se woe sa graach de klok let ha, mar de man wie der net. Op dat stuit balte in ko en doe’t de kiste yn it grêf sakke, kamen der mear kij oan draven, se stieken nijsgjirrich de kop oer it stek en begûnen lûd te balten. In knypeach fan God.

De twadde dochter stoar oan aids en op reis nei itselde tsjerkhôf wie it poermin waar. De mem sei dat se it net troffen, mar doe’t se nei it grêf rûnen, kaam der in blau finster yn de loft en de sinne briek troch. In twadde knypeach fan God.

In pear jier letter stoar de tredde dochter en wer wie de reis nei itselde tsjerkhôf. De mem, al oer de njoggentich, seach nei de loft, dêr’t in keppel guozzen fleach, rjocht op it hôf ôf. Doe’t se oer wiene, kearden se en makken in rûntsje. De tredde knypeach fan God…
Amen

18. Oargelspul

19. Us Heit

20. Sjonge
Drakerop

De drakerop giet oer de wrâld
fan hjoed de dei aloan:
noch altyd driget foar it bern
it ûnheil deagewoan,
mar wit dan, it is net ferlern,
de leafde fan de mem,
as ivich byld fan heit en Soan,
is troch de tiid te sjen.

Leafderop

De rop fan leafde klinkt foargoed
yn ’t fjild fan Betlehem,
doe’t yn de stâl Marijes lûd
begroete ’t heil as mem
en fan dy nacht en dei oant hjoed
streamt troch de hiele wrâld
it memmebloed foar al har bern,
in leafde ta behâld.

Minskeropping

De rop foar minsken fan it Wurd
te kommen út ‘e rie,
dat frou en man fol hillich fjoer
beslute ta de die:
wy tinke net oan plak en doer,
mar geane hjoed op wei
fan Drylts nei ’t fiere Betlehem,
dêr ljochtet al de dei.

21. Seine

No’t wy de reis makke ha
nei it hûs fan de flinke frou,
nei de stâl fan Betlehem,
it plak fan Marijes befalling,
nei it eilân Patmos yn de Middellânske See,
dêr’t Jehannes de Iepenbiering krige
en nei de hoale fan de fjoerreade draak
mei syn sân koppen en tsien hoarnen,

geane wy fierder mei ús eigen libbensreis
mei foar de geast it Wêzen fan God:
Ik bin dy’t Ik bin,
Ik sil der altyd foar dy wêze
fan dyn berte oant oer dyn dea hinne
oant yn alle ivichheid.

22. Sjonge
Liet 456: 3

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum