Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Slach om Fryslân

Polityk
PDF Print E-mail
Hoefolle slaggen ha der west,
it klapte troch de ieuwen hinne.

Kening Redbad sloech op Franken yn,
mar koe de lêste slach net winne.

Boeren wiene leaver dea as slaaf,
mar harren slach wie net in minne.

Grutte Pier wie stapelgek op slaan
en liet gjin Hollânsk prater rinne.

Patriotten mei de Frânske slach
ha Fryslân net ferpatse kinnen.

Soe De Haach ’t slûchslimme slachje slaan?
In Fries hoecht dan net lang te stinnen.

Lit alle Fryske klokken slaan:
Jehannes sil it foartou nimme.

Friezen lûke Hollânsk klok fan slach,
sjoch hoe’t de Haachske ljochten dimme.

Lit de Fryske weagen skomjend slaan,
dêr kin gjin Hollanner tsjin swimme.

Meitsje yn dit spul in boppeslach,
dat sil De Haach de moed benimme.

Slaan de folkspetysje heger oan
as yn it grutte mei te stimmen.

As de Friezen alle slaggen slaan,
dan sil de Fryske flagge klimme.

Image

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum