Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Takomstdream

Keunst

fan Albrecht Dürer*

De eagen iepen, rjocht foarút,
sa seach er nei de wide wrâld,
dy’t him foar mear útdage
as hy as jonge foarút wist,
hy hie noch tûzen fragen.

De finger frege wat it wie
dat him net rjocht foar eagen stie,
mar wat er wol ferwachte
om as er grut wie dan te dwaan,
miskien oer tûzen nachten.

Hy dreamde faak fan potlead en
pinsiel en seach himsels dan as
in man mei tûzen krollen
yn kreazer klean as hy oan hie,
sa soe hy wêze wolle.

* Albrecht Dürer (1471-1528)
Tekening ‘Selsportret as jonge’
Skilderij ‘Selsportret’

admin

Wolken oer Egypte

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

Ik moat wer profetearje
oer Egypte, skriklik is de dei
dy’t oanbrekt mei in tichte himel,
troch de wolken brekt gjin ljocht,
de ein is fan Egypte wei,
want folken dêromhinne
falt de skrik ek op ’e lea,
ûntkomme likemin oan ’t swurd,
ferrinnewearre wurdt it gea
nei’t boaden útfearn binne
om it needlot oan te sizzen,
want sa bringe sy Gods wurd
oer Babelsk foarst Nebûkadnessar
dy’t optsjocht mei it rûchste folk
om oare folken del te lizzen
dy’t smoarge goaden tsjinne ha;
sa hâldt de Heare rjochtdei,
it ljocht giet oer yn neare nacht…
wa sjocht dan noch Egyptes pracht?

* Foto ‘Donkere wolken’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum