Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Asfaltfearke

Lyrysk Deiboek

De holle heech, mar soms foardel,
’t is net allinnich yn de loft te finen,
’t langstme dat de himel iepenbrekt,
joech him sûnt de bernetiid al del.

Bûch dêrom faker nei de grûn,
bytiden sil it ljocht op ’t fearke skine
dat in ingel fleanend falle liet,
’t wurdt foaral troch berne-eagen fûn.

Want grutten ha wat mear mei hurd:
it asfalt om mei faasje op te fleanen,
rubberbannen gûnzje ’t toanleas liet,
blaze ’t fearke op ’e luchtstream fuort.

De ingel blaast it wer werom,
dat berne-eagen der oerhinne geane
en in finger oer de rûntsjes strykt…
’t fearke bûcht foaroer, de rêch wurdt krom.

admin

Op nylhoarsjacht

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Hélène, prinses fan Orléans,
dan wit men wol: fan heech komôf,
it kin wiswier net misse
dat sy wie gjin man,
mar ’t stiek by har al gau net nau.

Sy stiek it wide wetter oer,
socht nei de boarne fan de Nyl
en koe de fierte risse,
wist fan rêst noch doer,
ferlear oan Afrika har siel.

De swarte siel stie har hiel nei
en joech krekt oan hoe’t mei de spear
de bisten deade waarden,
mar sy lei de wei
út fan de blanke mei ’t gewear.

’t Gewear hie syn fertuten dien:
it nylhoars lei folslein ferslein,
gjin needsaak om te laden;
it read rûn troch it grien…
de blanke siel hat tanke sein.

* Foto ‘Prinses Hélène op nylhoarsjacht’

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum