Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fan skipper nei skipper

Lyrysk Deiboek

De seilen binne strutsen,
alve dagen striid ha west,
fûleindich oant de lêste finish,
fan noard nei súd, fan east nei west,
de takomst fleach nei it ferline.

De ban is noch net brutsen,
hjoed is race noch syn nocht
mei ’t each op ’t skûtsje nei de finish,
dat út ’e hichte nei him sjocht,
de skipper hâldt it by ’t ferline.

Mar moarn begjint it farren
mei containers wer, de feart
foar ’t deistich brea, dan sûnder finish,
gjin skûtsje dat de skipper keart,
in jier lang sil de takomst skine.

admin

Flitsende ingel

Lyrysk Deiboek

Blau flitsend fljocht er oan
as fûgel tusken wolk en wetter,
oan in ingel hast gelyk,
hy bringt in flits fan ’t paradys,
’t ferlerne ryk.

Ferskûle yn  it grien
fan hoop op letter justjes better,
skinkt er dochs syn glâns
oan wa’t de eagen iepen hat…
unyk dy kâns.

It giet sawat wer oan:
de wjuk wurdt spraat, net folle letter
sjit er út it grien
fan hoop, de flits fan ’t paradys
is fluch wer gien.

 

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum