Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Spoare mei de tiid

Lyrysk Deiboek


It spoart oan beide kanten
fan in smel, ûndjip Spoardok:
de âlde treurwylch sprút wer út
al is syn rêch wat krommer
wurden en syn tûken hast
it wetter reitsje;
de oare kant lit dúdlik sjen
de oergong fan seizoenen,
fan de winter nei de tiid
fan maaie mei it farske grien
fan ûnderen nei boppen…
hear de reiden laitsjen.

De treinen spoare alle oeren
lâns in smel, ûndjip Spoardok,
mar fierste fluch om troch it rút
de oergong waar te nimmen,
ek te hastich want men wol
it skermke reitsje;
fan dizze kant is klear te sjen
itselde yn seizoenen,
platte bylden yn ús tiid
fan helder giel nei donker grien,
it tastel mei tal knoppen
wol men ’t al meimeitsje.

admin

Deadlike demonstraasje

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Hy hie in oare kleur as blank,
wie fan in minderweardich ras,
alteast dat fûnen militêren
fan it wiere heldedom,
sa’t sy harsels wurdearren.

En doe’t hy rap de klean oandie,
in pak dat kaam him breed fan pas
om mei syn ploech te demonstrearjen,
hold it heldedom him tsjin,
syn die moast wol mislearje.

Se skuorden him de klean fan ’t liif,
de helden sloegen derop los;
de fijân fan dy militêren
kaam net yn syn dwaan werom,
hy soe dy dei noch stjerre.

* Foto ‘Demonstraasje yn Los Angeles’
 (juny 1943)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum