Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dea hout

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy groeide yn de wâl al krom
en sakke stadich nei it wetter,
wist myn tiid is eins wol om,
wat bliuwt der oer foar letter?

Hy woe belizze nei de dea
syn stam en kapitale tûken,
dat it rendemint, de lea,
foar ’t minskdom wie te brûken.

De woartels lieten stadich los,
hy winske likefolle rêgen,
want de stam wie net te pas:
as rendemint gjin brêge.

Gjin minske dy’t om ’t beamke rout
dat falt foar kapitale noarmen,
hy makket sels fan ’t hurdste hout
ien mei de moaiste foarmen.

Image

admin

Joazef

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se hawwe him yn Hollân klaaid
mei kleuren fan de bûnte jas
fanwege like bûnte dreamen,
neffens syn tsien bruorren net te pas,
sa as it knipt is, wurdt it naaid.

Image

Gustave Doré

Amearika hat Joazef klaaid
mei ’t kleed troch farao besteld
fanwege al syn bûnte dreamen,
fan in sededelinkwint ta held,
sa as it knipt is, wurdt it naaid.

De Fryske Joazef is ek klaaid,
yn swarte trui song hy it liet
fan hoederssoan foar alle dreamen
mei de útlis en in wize ried,
sa as it knipt is, wurdt it naaid.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum