Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Braspenningmiel

Keunst
PDF Print E-mail
fan Cornelis Anthonisz.*

Image

‘Willem Alexander, wiest dêr ek
doe’t Cor jim selskip portrettearre?
’t Skilderij is lang net gek,
mar ’t miel is wol mislearre.’

‘Nee, it giet net om de iterij,
ik lit Cornelis it wol sizze,
want dy stiet hjir njonken my,
mei stift kinst him net misse.’

‘Ik bin lid fan dizze skutterij
dy’t draacht de namme fan Sint Joaris;
elk moast op it skilderij,
wa’t achter en wa’t foar is.’

‘Ik bin baas fan dizze hiele ploech,
dat kinst wol sjen oan ’t fingerwizen;
hâlde wy it earst noch droech,
straks sil de beker rize.’

‘Prinsen binne meastal wis en wiis,
dus foardat ik begjin te sûpen,
jou my earst in hompe tsiis,
dan lit ik ’t ein wol slûpe.’

Image
**

* Cornelis Anthonisz. (sirka 1500-1553),
in skilder út Amsterdam, wie sels ek lid
fan de krúsbôgeskutterij fan Sint Joaris.
De skutterij hie in eigen kapel mei alter
yn sawol de Alde as de Nije Tsjerke.
Op ‘e feestdei fan Sint Joaris waarden
in tsjerketsjinst, in mars troch de stêd
en in feestmiel holden.

** Skilderij ‘Moarnsbrogge’ fan
Floris van Dijck (1575-1651),
in skilder út Haarlem.

admin

Deryn brâne

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1996

Image

Se sile mei de hals omheech
en klapperjende seil en fok,
want by de start is ’t altyd drok,
posysje kieze wurdt hjoed dreech.

De Lemmer sjit fûl út ‘e start,
foar ’t eigen folk it fjoer deryn,
mar Ljouwert leit min oan de wyn,
de turbo brânt de pipe swart.

Image

Foar Jelle* wurdt de striid krityk,
it Lemster folk betsjut gefaar,
net earst, dan is er de sigaar,
mar sjoch, hy rekkenet him al ryk.

Foar Ulbe** giet it paad omheech
mei ’t linich klimmen yn de mêst,
want losse kloaten moatte fêst,
sa krijt de liuw fan him in feech.

Image

* Jelle Reyenga
** Ulbe Zwaga

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum